NGO-leden yn Belarus oppakt
tongersdei 25 maart
FUEN, de Europeeske organisaasje fan minderheden yn Europa, hat yn Poalen in krêftich protest hearre litten oer de behanneling fan de minderheden yn Belarus (Wyt-Ruslân). De foarsitter fan de FUEN, Heinrich Hansen en de direkteur fan FUEN, Jan Diedrichsen, ha op besite west by de Dútske minderheid yn Poalen. Op de jûn foar de besite fan Hansen en Diedrichsen wiene 40 NGO-leden fan de Poalske minderheid yn Belarus oppakt en yn de finzenis setten. “Wy witte al jierren dat der in minderhedenûnfreonlike hâlding is by it regear yn Minsk, mar dit is wer in stap yn de rjochting fan in eskalaasje”, sei Hansen op in parsekonferinsje.
Sa no en dan komme der by de Ried ek e-postberjochtsjes binnen fan de Romaminderheid út Minsk mei de klacht dat hja dêr swier diskriminearre wurde en nearne oan wurk komme kinne om har etnyske eftergrûn. Benammen yn East-Europa moat noch hiel wat barre ear’t der in minderhedenfreonlik klimaat hearsket.
Sjoch fierder op http://www.fuen.org/press/20100216.
De Ried fan de Fryske Beweging is oansletten by it FUEN.
(With 86 member Fuen is the largest umbrella organisation of the autochtonous minorities in Europe and it has members in 32 countries. The main aim of FUEN is to work for the rights of the European minorities and to stand up for maintaining cultural diversity in Europe and for the circa 300 minority groups in Europe.).
Ek sjen:











