Nije Jevgeni Onegin
tongersdei 25 maart 2010In sympatike boef, net in typyske skriuwer. Alekander Poesjkin mocht graach oer in slokje en wie net benaud fan flauwe grappen. Sa stie er syn bewûnderders in kear te wurd yn in trochsichtige broek sûnder ûnderbroek en moast er in kear foar it gerjocht ferskine omdat er flauwe ferskes oer twa ministers skreaun hie. Syn hobbys wienen yn ‘e kroech omhingje, achter de froulju oan sitte en skriuwe. Yn Ruslân is Poesjkin oardel ieu nei syn ferstjerren noch altyd ôfgryslike populêr.
Ien fan Poesjkin syn bekendste boeken is Jevgeni Onegin – it ferhaal fan de stedsjonge Jevgeni, dy’t op in dei nei it plattelân ferhuzet. Hy krijt al gau spyt fan syn kar, dy’t liedt ta in rige fleurige en treurige komplikaasjes. Yn it ferhaal wurdt de Russyske hegerein allegeduerigen te kak set. It boek is skreaun yn de foarm fan in grut tal lytse rymkes. Dat makket it dreech om oer te setten.
De slavist en oersetter Hans Boland hat acht jier dwaande west mei in Nederlânske oersetting fan Jevgeni Onegin. Oars as syn foargongers hat er keazen foar in frije oersetting.
‘Jevgeni Onegin’ fan Poesjkin yn de oersetting fan Hans Boland is útjûn troch Papieren Tijger yn Breda. It boek kostet 35,00 euro.
Klik hjir foar mear ynformaasje.
Ek sjen:
- Afrikaanske fuotbalwurden De Nederlânske fuotbalploech giet nei Súd-Afrika. Mar hoe seit men...
- Nije opset gymnasium DE HAACH – It gymnasium hâldt syn fakken Gryksk en...
- Boek Tsjou Bo yn it Hollânsk BREDA – Utjouwerij De Geus yn Breda sil de Hollânsktalige...
- Nije rjochters Wilders ek wegere AMSTERDAM – De abbekaat fan de Nederlânske politikus Geert Wilders...
- Nije útjefte klassike roman Leafdedea Oer it boek: Wibe Baron van Holdinga, fan heitekant út...









Tweets die vermelden Nije Jevgeni Onegin | It Nijs -- Topsy.com
26 maart 2010 08:29
[...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging, John de Jong. John de Jong heeft gezegd: Nije Jevgeni Onegin: In sympatike boef, net in typyske skriuwer. Alekander Poesjkin mocht graach oer in slokje en … http://bit.ly/9sNfT8 [...]