Nul-mjitting ramtferdrach
tiisdei 9 maartDe Ried fan Europa is kritysk oer it Nederlânske yntegraasjebelied. De klam leit te bot op it behâld fan de Nederlânske identiteit, en dat hat negative gefolgen foar de Fryske identiteit. Dat docht bliken út in earste rapportaazje fan de Ried fan Europa. De Ried fan Europa is ek net posityf oer it foarnimmen fan Nederlânske politisy om belied te meitsjen foar aparte allochtoane befolkingsgroepen. 
It Nederlânske regear sjocht gjin reden om in ferdrach tusken de Friezen yn Nederlân en Dútslân op te meitsjen. As der al in groeiend ferlet fan sa’n gearwurking komt, kin der in berop dien wurde op Europeeske Groepearring foar Territoriale Gearwurking.
De Advys Kommisje fan de Ried fan Europa stelt fierders fêst dat yn it rapport fan de Nederlânske steat oer de nul-mjitting in definysje foar nasjonale minderheden fêstlein is troch it regear yn oerlis mei it parlemint. De Nederlânske definysje fan in nasjonale minderheid:
”Groepen fan steatsboargers dy’t fanâlds wenje yn in gebiet dat ûnder de steat falt en libje yn harren tradisjonele/foarâlderlik wengebiet, mar ferskille fan de mearderheidsbefolking troch harren eigen taal, kultuer en skiednis, d.w.s. mei in eigen identiteit en de winsk om dy identiteit te behâlden”.
Fierder freget de Ried fan Europa omtinken foar de posysje fan Omrop Fryslân en it Frysk op skoalle.
Ek sjen:









