Oeral sân op it strân!
woansdei 31 maart 2010Yn Fryslân binne it tradisjoneel de poepen dy’t net al te tûk binne. Yn it poepelân witte se lykwols better: de Britten, dy binne pas dom! De Süddeutsche Zeitung hat in listje makke fan uteringen fan Ingelske toeristen. In lyts priuwke:
* In Britske frou belle fan har hotelkeamer nei de resepsje en rôp dat se de plysje belje soe as it hotel har noch langer twong om op har keamer te bliuwen. Doe’t de resepsjonist net begriep wêr’t se it oer hie, sei se dat der oan de klink fan har keamersdoar in kaartsje hong mei de oprop om de doar yn ferbân mei de privacy ticht te litten.
* In Britsk famke dat in kappersoplieding die, belle nei in hotel en frege: “Yn jim folder stiet: gjin kappers yn it hotel. Wy dogge in kappersoplieding, mar binne noch net ôfstudearre. Meie wy dan wol in keamer by jim besprekke?”
* In Britske toerist skreau in klacht oer de omstannichheden: “Op it strân lei oeral sân.”
* Ut in klachtebrief oer de reistiid: “Wy wienen njoggen oeren ûnderweis nei Ingelân, wylst de Amerikanen der mar trije oeren oer dien hawwe!” (It gong oer de weromreis út Jamaika.)
Klik hjir om de folsleine kolleksje op de site fan de Süddeutsche Zeitung te sjen.
Ek sjen:
- Geheimtaal is oeral yn Syrië Ofrûne juny siet Hadi Al-Abdullah thús yn San Fernando nei...
- Ynienen saluearje oeral homo’s WASHINGTON – Foar it earst hawwe tûzenen Amerikaanske militêren tiisdei...
- Kroes wol oeral breedbânynternet BRUSSEL – Yn 2013 moat elkenien yn de Europeeske Uny...
- Bom op Turksk strân ferwûnet toeristen KEMER – Op it strân yn it Turkske baaiplak Kemer...
- Harnzer strân tige skjin HARNS – Harns hat ien fan de skjinste strannen fan...









Nynke
4 april 2010 15:35
Engelse hooligans zijn ook erg.
pizza boy
11 jannewaris 2011 00:10
Rare jonges, die Britten!
Se moatte eigenlijk sitten
yn een gesticht
Mar wol een leuk bericht!
Erwin
11 jannewaris 2011 09:03
De poepen (dat wienen doch Dútsers?) moatte gewoan de bek hâlde. Doe’t dy poepen noch hantsjemieren wienen, wienen se dom en stjonken.
Hja hawwe mei alles wat net Dútsk is problemen, is dêr nammentlik tradysje.