Oerfallers pokertoernoai spoarleas
freed 12 maart 2010
BERLYN – De dieders dy’t sneon in spektakulêre oerfal diene yn in fiifstjerrehotel yn Berlyn, dêr’t op dat stuit in grut ynternasjonaal pokertoernoai oan de gong wie, binne noch hieltyd spoarleas. De plysje sammelet en analysearret tsjûgeferklearrings, fideomateriaal en oar bewiis, sa sizze de Dútske media.
Op syn minst fjouwer oerfallers mei in masker op stoarmen sneontemiddei de Grand Hyatt op de Potzdamer Platz yn it sintrum fan de stêd yn en stoarten har op de kassa’s, dêr’t op dat stuit op syn minst 600.000 euro yn siet. Sy hiene masinegewearen, hângranaten en kapmessen by harren. Op dat stuit hiene twa befeiligers skoft.
Needútgong
Ien fan de befeiligingsminsken koe in oerfaller beetkrije, mar de man mei in masker foar waard befrijd troch syn hantlangers. De befeiliger koe in tas mei jild yn hannen krije, dêr’t in grut part fan de bút yn siet. De oerfallers ferdwûnen troch de needútgong nei bûten, de kant fan it neistlizzende winkelsintrum út, dêr’t se mei in swarte Mercedes útnaaid lykje te wêzen. De bút soe sa’n 200.000 euro wêze.
Yn de spylseal briek ûnder dielnimmers en taskôgers fan it toernoai panyk út doe’t de wapene mannen ‘dit is in oerfal’ skreauden. Gâns minsken lieten harren kaarten falle en dûkten ûnder de tafel, oaren besochten om út te naaien. Yn it gekring dat dêrop ûntstie soene sân minsken lichtferwûne rekke wêze. De oerfal duorre sawat tsien minuten, sa sei in omstanner. Der is lykwols gjin skot lost.
De prizepot fan it toernoai, European Poker Tour (EPT), bestie út 4,6 miljoen euro. Sawat tûzen dielnimmers út 48 lannen, ûnder wa âld-tennisstjer Boris Becker, hiene tûzenen euro’s ynlisjild betelle. Snein is de finale fan it fiif dagen duorjende toernoai.
Ek sjen:
- Oerfallers Nijstêd pakt (update) LJOUWERT – Tiisdei om healwei alven hat der in oerfal...
- Man op jierren jaget oerfallers fuort Mei in gjalp “meitsje dat jim fuortkomme!” hat in man...
- Oerfal op hûs Easterwâlde EASTERWÂLDE – De plysje ûndersiket in wapene oerfal, tiisdei yn...
- Skûtsje ferdwynt spoarleas (update) DE HOMMERTS – Yn de Hommerts is in skûtsje fan...
- Polysje lit oerfallers sjen+hearre De polysje Amsterdam-Amsterland hat foar it earst in maskere oerfaller...








