Frysktaalbelied yn de Súdwesthoeke
woansdei 10 maart
De fiif fúsjegemeenten sille har Frysk taalbelied op elkoar ôfstimme. Dat is ôfpraat mei steatssekretaris Ank Bijleveld fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en mei de provinsje Fryslân. De fiif gemeenten wolle in foarbyld wêze foar in ambisjeus brûken fan de Fryske taal.
De ôfstimming is in gefolch fan it fúsjeproses. It Europeesk Hânfêst foar Minderheidstalen makket it needsaaklik om by gemeentlike fúdjes yn de provinsje Fryslân rekken te hâlden mei de posysje fan it Frysk, neffens steatssekretaris Bijleveld. Fan belang is dat gemeenten earst neigeane op hokker wize se op dit stuit al gebrûk meitsje fan de Fryske taal en dat se dan fêststelle hokker kant se op wolle. Dêrom ha se tariedings op gong brocht, ek al bûge Twadde en Earste Keamer har noch oer it wetsútstel foar de fúsje. Foar de simmer sille de gemeenten rapportearje oan steatssekretaris Bijleveld oer it besteande belied en oer de plannen ta it brûken fan it Frysk.
Los fan de wet- en regeljouwing hechtsje de gemeenten ek sels oan heldere ôfspraken oer it taalgebrûk. Ienheid yn belied komt de taal ten goede, neffens boargemaster Jacob Reitsma fan Wymbritseradiel. De nije gemeente wol neffens him graach in foarbyld wêze foar in foarútstribjend Frysk taalbelied.
Neffens Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma kin taal yn in regio in ferbinende faktor wêze. ,,Mear ienriedigens yn taalbelied, dêr wurdt net ien minder fan. Dêr wurdt de taal krekt sterker fan.’’
It is de bedoeling dat de fúsje fan de gemeenten op 1 jannewaris takom jier yngiet. Mochten de Steaten-Generaal it wetsútstel foar de fúsje fersmite, dan noch sille de gemeenten it taalbelied op elkaar afstimme. De ôfspraak is ûnderteke troch steatssekretaris Bijleveld, Kommissaris Jorritsma, de boargemasters Reitsma, Willemien Vroegindeweij (Bolsward), Hans Boekhoven (Nijefurd), Hayo Apotheker (Sneek) en Theunis Piersma (Wûnseradiel). (oernommen fan de side fan Wymbritseradiel)
Ek sjen:










Lútsen
11 maart 2010 15:44
‘…ambisjeus brûken fan de Fryske taal, rekken hâlde mei de posysje fan de taal, foarútstribjend taalbelied…’ ik fyn it mar dizige taal. It sil my tige benije.
Erik
11 maart 2010 22:21
Plaknambuorden ientalich Frysk! Skoallen ientalich Frysk (wetlik stiet ús neat yn ‘e wei). In gemeentlike TV-stjoerder yn it Frysk. Earst dan binne se fernijend.