Opskuor oer gesicht Jezus

woansdei 31 maart 2010

aprilgrapIt gesicht fan Jezus liket as twa drippen wetter op dat fan in bekende Fryske reedrider. Dat jildt alteast foar de rekonstruksje fan Jezus syn gesicht dy’t wittenskippers makke ha op basis fan it bierkleed fan Turyn, dêr’t fan sein wurdt dat Jezus syn lichem dermei ôflein is.

Nei alle gedachten berêst de oerienkomst op tafal. De wittenskipper sizze dat men al betinke moat dat Jezus nei alle gedachten in donkere hûd hie. Fierders hie Jezus in burd en in snor. Dêrtroch sil it ferskil mei de echte Jezus folle grutter west hawwe.

Klik hjir foar in reportaa

turinface

zje by ABC News oer de rekonstruksje.

Dit berjocht is in aprilgrap.

Yn ‘e midden de rekonstruksje fan it gesicht fan de 32-jierrige Jezus. Links in rekonstruksje fan Jezus syn gesicht as jongkearel, rjochts as fyftichjierrige.

Ek sjen:

  1. Gesicht fan Jezus yn ‘e sek
  2. Opskuor om kul Jezus
  3. Jezus hong oan in peal
  4. Sa goed as Jezus
  5. Jezus yn haaielân?

4 reaksjes op “Opskuor oer gesicht Jezus”


  1. Nynke
    1 april 2010 00:11

    Hij lijkt er echt op. Weird………..


  2. Hindrik
    1 april 2010 07:14

    It bierklaad fan Turyn? It dochs wol bekend dat dat net echt is. Hoe kinst dan in rekonstruksje fan it antlit fan Jezus meitsje op grûn fan de printen dêr yn?


  3. Lofiis
    1 april 2010 10:59

    Ja, it is him. Werklik wier. Us Rintje. Ha ha, guon fan ús binne net fernuvere. Hy hie altiten al wat Godliks.


  4. haha
    1 april 2010 13:12

    1 april!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic