Priisfraach Lietoersetten YKFE

sneon 13 maart 2010

sheet-music-2Yn 2009 hat de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst in priisfraach útskreaun, mei it doel om nije talinten te ûntdekken dy’t goed binne yn it oersetten fan teksten fan godstsjinstige lieten. De oersetopdracht bestie út twa frij lange en net al te maklike lieten. De meidoggers mochten sels kieze oft se ien of twa lieten oersetten.

De belangstelling foar de priisfraach wie boppe ferwachting grut. Mear as santich belangstellenden fregen de ynformaasje en de teksten op. Tritich fan harren stjoerden, ûnder motto, mei-inoar fyftich oersettingen op.
De karkommisje bestie út de dichters Lyske Boersma, Atze Bosch, Eppie Dam, Bernard Smilde en Cor Waringa, wylst de musisy Jan Breimer en Bob Pruiksma har spesjaal mei de sjongberens fan de teksten dwaande holden. 

As winnende teksten waarden oanwiisd de oersetting troch it keppel Klaas en Hinke Stavenga-de Jager te Feanwâlden fan ‘Het feest kan nu beginnen’ (auteur Wim Pendrecht) en (ex aequo) de oersettingen troch itselde keppel en troch Jacobus Knol te Dokkum fan ‘Zij boog het hoofd’ (auteur Sytze de Vries). De winnende teksten binne ûnderwilens te besjen op www.ykfe.tk.

De neamde oersetters en noch in pear kandidaten dy’t hege eagen smieten, binne útnoege om mei te wurkjen oan it grutte kerwei dat de YKFE no ûnder hannen hat, it oersetprojekt foar in nij lieteboek foar ûnderskate tsjerken.

Ek sjen:

  1. Sjongmiddei YKFE – snein 16 oktober De sjongmiddei fynt plak yn ’e Martinitsjerke fan Snits. Meiwurking...
  2. Fryske Sjongmiddei yn Snits (YKFE) SNITS – Yn 2012 komt it ‘Liedboek, zingen en bidden...
  3. Priisfraach Rely Jorritsma Fûns Priisfraach Rely Jorritsma Fûns. Master en juffers, tink derom! Rely...
  4. Priisfraach jongereinblog Fryske taal Feinten en fammen oant en mei 35 jier kinne meidwaan...
  5. Tige slagge presintaasjekonsert Grytsje Kingma Tresoar, 23 novimber 2011, presintaasje cd Wytfear en tekstbondel Tûzen...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic