Proef om troch ynternet houlik en berte oan te jaan

tiisdei 9 maart 2010

berteDE HAACH – It ministearje fan Justysje sil oanjefte fan houlik, berte en ferstjerren mei help fan ynternet mooglik meitsje.
De earste gemeenten dy’t der mei oan ‘e slach sille binne De Haach, Delft en De Bosch. Dat hat it ministearje fan Justysje moandei bekend makke. It giet om ferskate projekten. Eltse gemeente docht mei oan in projekt. Justysje begjint mei de proef foar houlik en ferstjerren. Dêrnei folgje oare lykas de oanjefte fan berte en registrearre partnerskip. Om ien en oar mooglik te meitsjen hat minister Hirsch Ballin in wetsútstel hjiroer foar advys nei de Rie fan Steate stjoerd.
Ofstimme
Om dizze oanjeftes digitaal dwaan kinne te litten, wurde yn de boargerlike stân en de gemeentelijke basisadministraasje de persoansgegevens (GBA) op elkoar ôfstimd. ‘Ek wurde besteaande prosedures ferienfâldige. Sa is it net langer nedich om in berte-akte sjen te litten by de melding fan it yn ûndertrou gean’, seit justysje. Oan de oare kant bliuwt it mooglik om ek gewoan oan it gemeentlik loket oanjefte te dwaan fan berte of ferstjerren. De digitale oanjefte troch it saneamde DigiD is eins in nije stap. ‘Sa kinne minsken dy’t trouwe wolle dat yn de takomst fia de kompjûter melde.
Ferstjerren
Itselde jildt foar de begraffenisûndernimmer by ferstjerren. As de amtner dan noch fragen hat of as der ûndúdlikheden binne, nimt hy kontakt op mei dejinge dy’t oanjefte dien hat.’

Ek sjen:

  1. Meartaligens begjint al foar berte Bern út twatalige mienskippen rjochtsje har fuort by de berte...
  2. Proef oanpak taalefterstân wurket In trijejierrige proef om taalefterstannen tsjin te gean, hat fertuten...
  3. Sa lizze jo ynternet plat! SAN DIEGO – It is technysk net te dreech en...
  4. Slachthuzen skouderje ferplichte BSE-proef DE HAACH – Lang net alle slachterijen fiere de ferplichte...
  5. Ynternet yn Súdwest-Fryske bibleteken Fan hjoed ôf hawwe alle bibleteken yn Súdwest Fryslân fergees...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic