Rekkenride yn Göteborg
woansdei 10 maart 2010| Yn oerienstimming mei it útstel fan ‘Vägverket’- de Sweedske Rykstsjinst Weiferkear (RDW) - en de gemeente Göteborg hat de regearing ‘ja’ sein tsjin it ynfieren fan rekkenriden yn Götenborg, de saneamde ‘trängselskatt’ (opstoppingsbelêsting). De tariven sille fariëare fan 8 oant 18 kroanen ( € 1,00 = SEK 9,68) en der komme tusken de 40 en 50 betelstasjons. It doel fan dizze maatregel is om drokke ferkears-ieren minder te belêsten. Fierder sil ek de útstjit fan koalstofdiokside yn parten fan de stêd dêr’t no oer de miljeunoarmen hinne gien wurdt, ferminderje. Yn Stockholm wurdt al fan 2005 ôf gebrûk makke fan dizze maatregel en dat hat laad ta in ferkearsfermindering fan mear as 18% en in skjinnere lucht. Minister fan finânsjes Anders Borg hat in útstel presintearre om it systeem yn Götenborg yn te fieren. Der sil in spesjale Götenborgtaheakke komme by de wet op it rekkenriden. Borg wol it ek mooglik meitsje om bûtenlânske automobilisten te belêsten. Fierder moat it foar de gemeente mooglik wurde om sels de hichte fan de belêsting en de lokaasje fan de betelstasjons te bepalen. Mar hjirfoar is in grûnwetswiziging needsaaklik. It doel is om de belêsting te heffen op wurkdagen tusken 06.00 oere en 18.29 oere. Op sneons, sneins, hjeldagen en de dei foar in hjeldei, en ek yn de moanne july hoecht gjin belêsting betelle te wurden. It leit yn de bedoeling, dat de nije bepaling op 1 jannewaris 2011 fan krêft wurdt en dat it rekkenriden fan 1 jannewaris 2013 ôf tapast wurde sil. |
Ek sjen:








