Samsom en Halsema tsiere
snein 7 maart 2010
De linkse politisy Diederik Samsom (PvdA) en GrienLinkslistlûker Femke Halsema sitte middenyn in echte ‘twitterfittie’, skeel op it webstee Twitter.
Keamertweets
Lês alle tweets fan twitterjende Keamerleden hjir.
Yn in opinystik yn de Volkskrant skriuwt Halsema hjoed dat kompromissen ‘earfol’ ferdigene wurde moatte.
Op Twitter reagearre it PvdA-Keamerlid Diederik Samsom dat GrienLinks krekt alle kompromissen ‘genedeleas ôfwiist’, doelend op de AOW, JSF en kommisje-Davids.
Yrritaasje
Femke Halsema – dy’t okkerdeis in twitterfeest organisearre – twittere grimmitich werom dat har partij it ferheegjen fan de AOW-âldens nea ôfbaarnd hat, dat de partij ‘entûsjaster is oer Davids as jimme’. Hja beneamt ‘do-bakken’ as in diel fan it probleem.
Dêrop riedt Samsom Halsema har artikel nochris in kear te lêzen, mar dan yn de sinne.
#lekkerwaar
Halsema is lilk en twitteret op ’t lêst: ‘Alderbêste @diederiksamsom, soesto hjoed beliven in oare tsjinstanner sykje wolle? .’
Samsom nimt it lêste wurd en seit: ‘Tsja, like goede freonen hear…lit mar witte asto der wer klear foar bist.’
Yn har lêste statusupdate wit Halsema te melden lokkich te wêzen, nei blommen en boetsearklaai oanskaft te hawwen.
Ek sjen:








