Sibearyske tigers dea

tongersdei 18 maart 2010

tigerAlve seldsume Sibearyske tigers, dy’t yn lytse, net ferwaarme kouwen holden waarden en allinne hinnebonken te fretten krigen, binne yn in dieretún yn de Sineeske provinsje Liaoning deagien oan ûnderfieding. Dat hawwe Sineeske steatsmedia freed bekend makke. Wu Xi, in wurdfierder fan de dieretún, sei dat de bisten stoarn wienen oan ‘ferskate sykten’. Hy woe net sizze watfoar sykten de bisten hienen  en gong net yn op de beskuldigingen dat de bisten ferhongere wêze soenen. De dieretún sit yn de finansjele problemen en stiet al in skoft te keap. Om de bisten fretten jaan te kinnen, waard it salaris fan it personiel ynholden. Neffens Wu binne der no noch tritich tigers oer yn de dieretún. Guon rinne neffens him noch hieltyd it risiko siik te wurden. “Guon tigers, dy’t fysyk sterk binne, sille de hjoeddeistige swiere omstannichheden, wêrûnder it kâlde waar en de sykten, wierskynlik oerlibje.” Hua Ning , direkteur fan de Sineeske ôfdieling fan it Ynternasjonaal Fûns foar it Wolwêzen fan Dieren, fynt dat Sina it tasjoch op de dieretún ferskerpje moat en in standert opstelle moat foar de fersoarging foar de bisten. “Om’t der gjin juridyske standert is, passe de dieretunen, lykas dizze, har eigen standert ta. Guon soargje goed foar de bisten, mar der binne ek in soad gefallen fan mishanneling”, sa seit Hua.

Ek sjen:

  1. Tamyl Tigers ek yn Ljouwert
  2. Bengaalske tiger lytser
  3. Nuveraardich bist fongen
  4. Sûne bern mei trije âlden
  5. Grjinten stjerre op Skotske kust

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic