Sire

moandei 29 maart 2010

It is fansels moai, sa’n kompjûter. Kinst der in soad wille mei ha. Kinst chatte, msn’e en maile, folle net genôch. Sels kin ik ek hiel tefreden wêze omdat ferbetterings sa maklik oan te bringen binne yn myn stikjes.
Allinnich no tinkt de keninginne en mei har de Sire, dat wy net mear witte hoe’t wy meielkoar omgean moatte. “Hoe giest om mei in freonlik minske?” Oe heden, hielendal fergetten hoe’t dat moat. Wat sizze de sires? Wy moatte omtinken jaan oan buorfrou en oan oare kunde. Wy moatte harren op de kofje freegje. Op letters traktearje is net genôch.
Ik wol de sires stypje mei wat âlde siswurden.
“In freon hawwe betsjut in freon wêze.”
En
“In freon is immen dy’t de wierheid seit.”
Sa. No komt it wol klear.
As de sires en ik sa om elkenien tinke, dan kin der wier hielendal neat mear misgean.
www.klaskehiemstra.nl

Ek sjen:

  1. Frijwillich
  2. Emansipaasje
  3. Needlot
  4. Willem Kloos
  5. Deabenaud

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic