Soarchplan Obama dertroch
moandei 22 maart 2010
Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Obama foar syn soarchplan in krappe mearderheid krige: 219 stimmen foar en 212 tsjin. Hiene fjouwer fan dy 219 tsjin- yn stee fan foarstimd, dan wie it hiele plan net trochgongen! De Amerikaanske Senaat wie al yn desimber 2009 mei it ynfieren fan it soarchplan akkoart gongen. Obama sil nei alle gedachten dizze wike noch de nije wet ûndertekenje.
Mei it soarchplan krije 30 miljoen ûnfersekere Amerikanen in soarchfersekering. Obama hat dêrmei it wichtichste doel fan syn ynlânske polityk helle.
Ek sjen:








