Spoarwegen teamje reizgers de mûle

woansdei 31 maart 2010

In foardielaksje moast it gesicht fan de NS rêde, sa skriuwt Trouw hjoed. De krante reagearret op in stik yn de NRC fan juster. Neffens dy krante wie der in juridysk skeel tusken de Spoarwegen en reizgers mei in NS-jierkaart. Dy hienen in boete krigen omdat se yn de nije flugge trein Fyra sieten. De NS woe ha dat se, krekt as oare reizgers, dan in taslach betelje moasten, mar it die bliken dat dat nearne stie.

De NS stelde út om te advertearjen mei in foardielaksje foar jierkaarthâlders. Dy soenen fergees mei de Fyra mei meie. It soe dan krekt lykje as hie de NS in aardichheidsje betocht en de reizgers hoegden har boete net te beteljen. In betingst wie dat elkenien him stil hâlde soe oer it skeel tusken de reizgers en de NS. Dat gou ek foar de fertsjintwurdigers fan Rover, de belangeferiening fan reizgers, dy’t as eksterne saakkundigen oanwêzich wienen by it petear tusken beide partijen.

Ynearsten woe Rover him de mûle net teamje litte. De NS sei dat it dan net trochgong. De reizgers soenen dan doch de boete betelje of de saak foarkomme litte moatte. Yn it belang fan de reizgers gong de organisaasje dêrom dochs om.

foto: ANP

foto: ANP

Neffens Trouw hat PvdA-keamerlid Diederik Samson ferkearsminister Eurlings om in ferklearring frege.

Klik hjir om it artikel yn Trouw oer de saak te lêzen.

Klik hjir om it stik yn de NRC fan juster te lêzen.

Ek sjen:

  1. Kampanje foar stilte yn stiltekûpee UTERT – De Nederlânske Spoarwegen begjinne in kampanje dy’t reizgers...
  2. Boekjes fan stikken út Trouw Deiblêd Trouw begjint mei in nije ‘printing on demand’-service. De...
  3. Fragen feilichheid spoarwegen Der is te min ynsjoch yn de feilichheid op it...
  4. ‘Minne keunst beleanje wy net’ DE HAACH – Toanielselskippen moatte mar itentsjes organisearje om oan...
  5. Opslachplicht e-mailgegevens Greenhost, in bedriuw dat ynternetservers ferhiert, hâldt op mei it...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic