Taalkundige aprilgrap?

woansdei 31 maart 2010

De Noard-Nederlânske hurde G is better foar de sûnens as de sêfte G fan ûnder de grutte rivieren. Dat skriuwe it Genootschap Onze Taal en it Meertens Instituut yn in mienskiplik parseberjocht. Sprekkers mei in hurde G soenen hieltiten strôtskraabje en dêrmei de luchtwegen frijmeitsje. De taalkundige ynstellingen biede súdlike sprekkers spraakles oan. Oanmelding is mooglik oan 2 april ta.

It parseberjocht is grif in aprilgrap. It sil ús nij dwaan oft der ek lilke reaksjes út Súd-Nederlân en België komme.

Klik hjir om it parseberjocht te lêzen.

Ek sjen:

  1. “Bûtenproporsjonele 1-aprilgrap” In út de hân rûne Ljouwerter 1-aprilgrap waard lanlik nijs....
  2. Taalkundige jier by Eskimo’s CAMBRIDGE – De Ingelske taalkundige Stephen Pax Leonard hat wat...
  3. Taalkundige siket Assenaren Taalûndersiker Klaas Koops is dwaande mei in boek oer it...
  4. Opskuor oer gesicht Jezus It gesicht fan Jezus liket as twa drippen wetter op...
  5. Grouwe fingers? Grutte kul! SEOUL – Koreaanske wittenskippers binne fan betinken dat de ôfstân...

3 reaksjes op “Taalkundige aprilgrap?”


  1. mbc84
    31 maart 2010 16:05

    hahaha, aardige grap, en fansels binne wy minder siik as de suderlingen haha..


  2. www.ensafh.nl
    31 maart 2010 21:24

    [...] Lês fierder op It Nijs [...]


  3. pyt
    2 april 2010 13:48

    It chiet choed!

Realisaasje: Pronamic