Thaise oaljefant smyt twilling

moandei 8 maart 2010

oaljefantBANGKOK – Nei in dracht fan 21 moannen hat in 35-jierrige oaljefant yn Tailân in twilling op’e wrâld setten. De twa tsjokhûdsjes kamen sneontejûn twa oeren nei-inoar op’e wrâld en hawwe noch gjin namme. Dêr joegen Aziatyske media snein berjocht fan.
De twa manlike oaljefantsjes woegen by de berte sa’n 70 kilo en wienen goed sûn.
It is in seldsumheid dat oaljefantsjes twillingen smite. Neffens lokale media is it de earste kear dat der in mantsjestwilling op ’e wrâld setten is yn Tailân. Fyftjin jier ferlyn waard der in famkestwilling berne.
Yn Tailân libje noch sa’n fjouwertûzen oaljefanten.

Ek sjen:

  1. Tailân: Froulike premier nei machtwiksel BANGKOK – Mei in absolute mearderheid fan de stimmen hat...
  2. It mystearje fan de twilling oplost SHEFFIELD – De bruorkes en suskes fan twillingen binne by...
  3. Lilke man smyt kaaien pont yn it wetter EARNEWÂLD – In 32-jierrige man fan Lippenhuzen hat sneintejûn op...
  4. ABP smyt preemje omheech ABP smyt de preemje omheech. ABP is it grutste pensjoenfûns...
  5. Identike twilling is plysjeprobleem UTHUZERMIEDEN – De Grinslanner plysje hat in nuver probleem: de...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic