Three-ality
moandei 8 maart
Three-ality is in Fryske frouljuspopgroep dy’t al sûnt 2002 prizen wint mei harren optredens
“ ’t Minne” is it lêste album fan Three-ality.
De trije jonge froulju brûke yn dit album âlde en nije Nederlânsktalige teksten út de midsieuwen en sette der – dat kin no ien kear net oars – nije muzyk ûnder.
Asto der even foar sitten giest, kinsto it fertriet fan de bedragen faam, en de wille fan de wiere leafde mei genietsje.
En dan witst it wer: famkes en froulju ha altyd al witten wat leafde is, en fan doe oant hjoed is der wat it gefoel oangiet ek net safolle feroare.
Mei de prachtige muzyk en de moaie teksten makket Three-ality dat lok en ûngelok beide in plak krije kinne yn it hert fan froulju troch de ieuwen hinne.
Wol spitich dat de teksten sa lyts ôfdrukt binne dat der in fergrutglês by moat om se goed lêze te kinnen
Ek sjen:









