Toeristen as moardfertochten yn parse

snein 21 maart 2010

Fiif Katalaanske brânwachters binne poerlilk op ‘e Frânske plysje. Dy hat fia ynternet en de parse in foto fan har ferspraat mei in begeliedende tekst dy’t sei dat de manlju socht waarden. Se waarden fertocht fan lidmaatskip fan de ETA en fan de moard op plysje Jean-Serge Nérin. Dy waard ôfrûne tiisdei deasketten yn Villiers-en-Bière, net fier fan Parys.

De foto wie makke troch de bewekkingskamera fan in winkel yn it plak. De manlju stienen der mei har boadskipweintsje op te praten. Se wienen op fakânsje yn Frankryk en wienen fan doel te berchbeklimmen. In tsjûge dy’t melde dat er yn ‘e winkel fiif manlju heard hie dy’t “wat fan Spaansk” praten, sette de plysje op it spoar fan de boadskipjende Katalanen.

 ”Wy waarden op it ynternet beskreaun as leden fan de ETA, net as fertochten,” seit ien fan de brânwachters tsjin in sjoernalist fan Le Figaro. “Wy hienen neat yn ‘e rekken oant wy belle waarden troch it thúsfront. Famyljeleden hienen ús foto yn ‘e krante sjoen. Se wienen stomferbaasd.”

Yn de Spaanske parse waarden sels twa fan de manlju op ‘e foto oantsjut mei nammen fan flechtfuottige ETA-lieders. “Dat hie oars moatten,” seit de Spaanske minister fan ynlânske saken Alfredo Perez Rubalcaba.

winkelfoto

De foto fan de boadskipjende Katalanen dy't de plysje omstjoerd hat.

Klik hjir foar in wiidweidich artikel oer de affêre yn Le Figaro.

Ek sjen:

  1. Berlusconi wol bekbân parse
  2. Bom op Turksk strân ferwûnet toeristen
  3. Lyk en organen yn Maas fûn
  4. Weiwurden ringen en parse foar it ljocht
  5. Twa fertochten IKEA-oanslaggen oppakt

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic