Twa twivelers

tiisdei 9 maart 2010

“Twee’ fan Simen de Jong en Klaas Rusticus is it boek fan twa skriuwers, krekt as “in freonskip is as in siel yn twa liven”.
It beskriuwt hoe’t twa jonge manlju de oar, mar foaral ek harsels kennen leare yn in freonskip dy’t in muoisume start hat en in ûndúdlik ein.
Yn 1958 moetsje Caspar den Hoedt (troch Simen de Jong) en Florian Agricola (troch Klaas Rusticus) inoar op ’e kweekskoalle en se fiele har daliks ta elkoar oanlutsen.
Se fiele de mooglikheden, mar binne earst net by steat der folle mear fan te meitsjen as in balstjurrige oanfal fan de ien op de ôfwarrende oar. In yn-elkoar-ferdrinken sa’t dat yn ’e leafde mooglik is, is hjir net oan de oarder.
It libben fan elke dei yn de lette jierren fyftich en begjin sechstiger jierren mei syn religieuze gewoanten as bidde foar en/of nei iten, it al dan net in stikje út de Bibel lêze, wurdt goed troffen.
De benearjende sfear dêr’t neat yn mei en alles dêr’t in jongeshert fan dreamt stikem barre moat, wurdt útfergrutte yn de reis nei Tsjechoslowakije, dat doedestiids noch achter it Izeren Gerdyn lei.
Tsjin al dizze bekrompenheid kin de freonskip net op: de beide freonen reizgje de lêste wike fan de fakânsje allinnich nei hûs, elk in oar paad bylâns. Florian wurdt in ferneamd dirigint en Caspar in brave boarger.
Dat Florian hieltyd oer alle grinzen giet wurdt ferwurde yn in stoartfloed fan bylden, dy’t betiizjend wurket. As bygelyks Florian jaloersk is op de ferkearing fan Caspar mei Latima-Latrina en har yn tinken ombringt mei in mes (in byld foar it analysearjen fan it gefoel), tinkt de lêzer noch dat er it wol bysloffe kin. Mar mei dat it boek groeit, wurdt de lêzer hieltyd mear oan himsels oerlitten. De fraach bygelyks hoe’t Latima, dy’t stjert as de freonen op reis binne (in byld foar de freonskip dy’t net mear bestiet) oan ’e ein komt, wurdt net beäntwurde.
As de beide freonen yn oktober 2008 beslute elkoar nochris te moetsjen, is de betizing kompleet. Wa hat wa útnoege? Wolle se no al of wolle se no net? Caspar liket der wol nocht oan te hawwen, al hat er de nedige twivels oer de liiflike kant fan de balstjoerige leafde fan Florian. Mar foar Florian is de ôfrin net sa dúdlik en hy komt om yn religieuze en persoanlike bylden. De lêzer moat hiel wat fantasij hawwe om alles in plak te jaan: it is ien lang gedicht dat de eangst foar de iensumheid ferwurdet.
As de Jezuseftige jonge yn it griis dy´t wy al earder tsjinkommen binne – hy wol Florian de triennen sjen litte yn it libben – romte en tiid nei syn hân set en tsjin Florian en de hiele wrâld seit `Kom`, is it boek út.
Mar de lêzer mei wol trochgean, graach sels.
Florian omkomme litte yn syn iensumens liket foar de hân te lizzen.
Mar him in kâns jaan, him syn eangstme oerwinne litte en him kieze litte foar in folwoeksen freonskip, al is dy net sa perfekt as hy wol wolle soe, is grif mooglik. It makket dat Caspar dan ek yn werklikheid – in bytsje – de ingel wêze kin dy’t Florian yn him seach.
De twa ha yn alle gefallen gjin wurden mear nedich tusken side 119 en 184, de siden dy’t elkoar reitsje, de siden dêr’t de freonen harren ferhaal op papier einigje litte.

Simen de Jong en Klaas Rusticus. Twee. Utjouwerij Elikser. Priis: € 20,-

Ek sjen:

  1. Rektifikaasje
  2. Utstalling Paul Gauguin

1 reaksje op “Twa twivelers”


  1. www.ensafh.nl
    9 maart 2010 12:35

    [...] Lês fierder by Klaske Hiemstra op it Nijs [...]

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic