Ut it skrift fan buorfrou

sneon 13 maart 2010

Ik wit wol dat it net âldjiersjûn is, mar ik wol it dochs even ha oer it ferskil tusken âld en nij. Miskien is dat wol net sa grut as wy hieltyd tinke. Neffens my sitte wy hjir allegear apart wer it tsjil út te finen, wylst de generaasjes foar ús dat ek al dien ha.
“Gjin nijs”, sei Sytse. “It binne deselde letters, allinne se steane wat oars.”
It is no ien kear sa. Elke generaasje easket foar himsels de eare op, dat se sjogge hoe’t it moat. Se litte de âlderen achter har en ferkundigje in nije tiid.
Mar: “Ik hâld it by it âlde”, sei de boer. “Dan kom ik fansels wer yn ‘e moade”.
Mei oare wurden; asto âlder wurdst, dan sjochsto dat de jongeren optinke wat al earder optocht is.
Hjoed-de-dei binne minsken krekt as it altyd west hat, mei elkoar ferbûn troch har skiednis en har wrakseljen om har opfieding achter har te litten en harsels te wurden.
Sa hat it altyd west.
Mar it is handich om te lústerjen nei de âlden fan dagen dy’t ús skatten fan wiisheid meijaan kinne op ús paad nei selsstannichheid.
It tsjil is ommers al útfûn.
“Nije biezems feie skjin, mar de âlde komme yn ’e hoekjes”.

Klaske Hiemstra

www.klaskehiemstra.nl

Ek sjen:

  1. Arabysk skrift tige dreech
  2. Buorfrou grou, do ek grou

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic