Utdielen joadiumpillen yn Seelân

woansdei 10 maart 2010

jodium2bigthumb0De ynwenners fan acht gemeenten yn Seelân yn de omjouwing fan Borsele krije joadiumpillen útrikt. De pillen binne oernearre om yn te nimmen by nukleêre ramp. De pillen wurde no foar it earst útdield sûnt de iepening fan Borsele yn 1973. Greenpeace, dy’t hjir ruchtberens oanjouwt, fynt it ûnbegryplik dat soks no krekt bart omdat der altyd in gefaar driget mei in ûngelok mei in kearnsintrale.

It útdielen fan joadiumpillen drukt de Sieuwen mei de noas op de feiten, neffens Greenpeace. De kearnsintrale is hielendal net sa feilich. In ûngelok yn de stokâlde sintrale sit yn in lyts hoekje. Borsele is al sân jier oer syn hâldberheidsdatum en hie dêrom al lang ticht moatten. Nimmen wit wat de gefolgen binne fan it âlder wurden fan in sintrale mei it each op de feiligens.

Joadiumpillen biede mar in beheinde beskerming tsjin de gefolgen fan in earnstich ûngelok yn in kearnsintrale.
Troch it slikken fan joadium wurdt foar kommen dat radioaktyf joadium him fêstset yn de skildklier en sa skildklierkanker feroarsaket. De pillen beskermje net tsjin de direkt deadlike gefolgen fan in protte straling en oare foarmen fan kanker lykas leukemy. By in hiel earnstich ûngelok is de omfang radioaktyf materiaal dy’t frijkomt sa heech dat omwenjenden fan de reaktor gjin inkele beskerming bean wurde kin.

As der skielk yn Borssele nóch in kearnsintrale by komt, sille de risiko’s foar de omwenjenden noch grutter wurde, seker omdat dizze kearnsintrale fiif kear sa grut wurde moat.  Sil de gemeente dan fiif kear safolle pillen uitdiele om de befolking koest te hâlden?

Ynwenners fan Middelurch krije foar earst noch gjin joadiumpillen. De gemeente hat it sa drok mei de tarieding fan de komst fan Keninginne Beatrix op 30 april, dat der gjin tiid is foar it útdielen fan pillen. De Middelburger moat noch minstens twa moanne langer wachtsje.

Ek sjen:

  1. Gau fergunning kearnsintrale Borsele
  2. Auto bellet sels 112
  3. Krisis Japan noch lang net dien
  4. Ierdskok yn Nij-Seelân (update)
  5. Nij-Seelân fiert de Fryskens

1 reaksje op “Utdielen joadiumpillen yn Seelân”


  1. Keimpe
    10 maart 2010 12:41

    Wat in ûnsinnige reaksjes fan Greenpeace! Dat mei soksoarte pillen in ramp net foar te kommen is, hat de wrâld Greenpeace net foar needich. Fansels binne sy tsjin op eltse foarm fan enerzjywinning- en gebrûk, mar om dan dit soarte ûnsin út te kreamjen levert gjin bydrage oan harren stânpunten. De reade triid yn harren geskreauw, of’ it no om dit as dat giet, is yn alle gefallen it ûntbrekken fan in reedlik alternatyf.

    Ik doar te stellen dat eltse foarm van stroomopwekking risisko’s hat. De risiko’s binne het grutst yn de standaard technyken dy’t yn eltse sintrale sitte: stoomtsjettels mei in druk fan 160 – 200 bar en in gygantysk stoomfolume. Dizze risiko’s jilde ek de elektryske ynstallaasjes. By in klapper sil dat minder minsken reitsje, mar fergis jo net yn de gefolgen fan soks. Dizze technyke sitte fysyk fier fan de reaktoren ôf en dochs hellet Greenpeace in stroomsteuring op het terrein fan in kearnsintrale my in protte tumult oan, wylst dêr neat oars oan’a hân is is krekt san steuring by in konfinsjonele sintrale. It tal konfinsjoenle sintrales is enorm en jo hearre dêr (terjochte) gjin misnke oer.

    De kreet ‘Nimmen wit wat de gefolgen binne fan it âlder wurden fan in sintrale mei it each op de feiligens.’ is te gek foar wurden! Fansels binne guon dy’t dêr harren wurk yn hawwe folsein op’e hichte fan de technyske staet en de risiko’s. Krekt as in piloat yn in fleantúch net syn eigen libben en dat fan syn passagiesr op it spul set, troch my ûnwis as wrak materieel te fleanen, sil dat hjir presys en gelyk it gefal wêze.

    Greenpeace moat ophâlde mei raazen en opskuor te feroarsaakjen, sy moatte mei feiten en op basis dêrfan mei brûkbare alternatyven oankomme. Sa lang sy dat net dogge, binne it lûdroppers, dy’t foaral sich sels graach hearre meie!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic