Waarm yn Kanada
tongersdei 18 maart 2010
Wylst Europa suchtet ûnder snie en kjeld, hat Kanada de waarmste winter sûnt minskeheugenis belibbe; trochinoar fjouwer graden waarmer as normaal.
De winter 2009/2010 wie net allinne de waarmste, mar ek de droechste sûnt 1948, doe’t de Kanadeeske meteorologen begûnen om dy gegevens by te hâlden, sa seit de Kanadeeske media.
De mylde winter brocht foar de Kanadezen net allinne minder oerlêst, mar ek soargen. Sa sieten se der nochal wat oer yn dat der net genôch snie wêze soe mei de Olympyske Winterspullen yn Vancouver. Eksperts foarsizze dat de Kanadezen yn de maitiid en simmer noch mear lêst krije kinne fan de mylde winter: der is in grut risiko op droechte en boskbrannen, en ynsekten en firussen sille dêr wielderich tiere.
Ek sjen:








