Wat is eins foarútgong

freed 5 maart 2010

ferkiezings2De ferkiezings ha west. “It folk hat sprutsen”, hjit it sa moai. Dat moat elkenien ek wol opmeitsje dy’t de útslaggen yn Tytsjerksteradiel sjocht. Sels boargemaster Polderman lit him ûntfalle dat de winst fan de FNP en Grien Links te tankjen binne oan de wjerstân tsjin de Sintrale As. Gnyskjend lit er derop folgje dat it allegearre gjin doel mear hat: de prosedueres binne al foarby, mar dat hat dat domme folk, dat neat ôf wit fan prosedueres fansels net yn de gaten. Je soene je besauwe as je sa’n boargemaster hearre. Yn plak fan dat er seit dat de saak stoppe wurde moat en dat der ophâlden wurde moat mei it ôfbrekken fan pleatsen en it oankeapjen fan lân, kin er allinne wat spytgnyskjend om syn boargers laitsje. Soks neamt men wol de arrogânsje fan de macht.

De boargemaster fan Skarsterlân, Kuipers,  kin der ek wat fan. Nei de winst fan de FNP (no de grutste partij dêr) yn syn gemeente  fersuchtet er dat it no dien is mei de foarútgong. Mei oare wurden: de boargers hâlde ûntwikkelings tsjin. Mar wat is foarútgong eins? Is foarútgong it bouwen fan grutte hotels en rekreaasjeparken yn in kwetsber lânskip? It soe wolris blike kinne dat de boargers fan Skarsterlân dy’t op it fersmoargjen fan it bûtengebiet tsjin binne, mear each ha foar de foarútgong as Kuipers. Foarútgongstinken blykt letter gauris koartsichtichheid west te hawwen.

Jaap van der Bij

Ek sjen:

  1. Meartaligens en foarútgong
  2. Wat binne eins ‘blommebaskets
  3. Aksjegroep SW-Frl wol boargemaster leverje
  4. Gemeente-amtner wol boerka oan
  5. Auke Zijlstra (PVV) is in Jouster

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic