Bern wolle freonen dy’t krekt prate as sy
tongersdei 1 april 2010
Bern kieze har freonen net krekt op basis fan uterlik, mar geane op de taal ôf. Dat blykt út in ûndersyk fan Harvard University. De fiifjierrige, Ingelske proefpersoanen keazen allegearre foar in freontsje dat ek sûnder flaters Ingelsk prate. De bern mei in aksint skouderen se.
Ut eardere ûndersiken hie bliken dien dat bern – lykas folwoeksenen dogge – harren freonskippen oangeane op basis fan ras, slachte en âldens. Sa die bliken, dat blanke bern yn de Feriene Steaten foaral freonen wurde mei oare blanke bern. Dochs leit dat net oan it kleurke, sa docht no bliken; it giet allegearre om de taal.
Lytse poppen:
“Ik haw ûntdutsen dat tongfal eat is, dêr’t wy allegearre al hiel betiid yn ús ûntwikkeling erch yn hawwe”, fertelt ûndersiker Katherine Kinzler. “Ut oare ûndersiken blykt sels, dat tatebern fan de lûden fan de taal hâlde dy’t se yn de memmeskerte hearre.”
De ûndersikers namen yn in eksperiment in pear fiifjierrigen apart en lieten se kieze. Sy koene freonen wurde mei immen dy’t Frânsk, Ingelsk mei in aksint of Ingelsk prate. De proefpersoanen – allegearre blank en Ingelsk – keazen, likefolle it kleurke fan it nije freontsje, foar dejinge dy’t Ingelsk prate. Ut it ûndersyk die ek bliken dat sels lytse poppen fan fiif moanne âld dêr ek ta oerhingje.
“Omdat it hiel dreech is om op hege jierren in taal goed te learen, is de spraak fan minsken in goede mjitstêf om te achterheljen wêr’t sy wei komme, wa’t se binne en wêr’t se west hawwe”. Evolúsjenêr sjoen is it omtinken fan de minske as it om aksinten giet, goed te ferklearjen. It holp de earste minsken om ûnderskied te meitsjen tusken sosjale groepen, noch foardat der sprake fan migraasje wie en se mei oare rassen yn oanrekking komme koene.
Hjoed-de-dei is it foaral lestich om op basis fan in aksint beoardiele te wurden. “Minsken dy’t in taal goed prate, mar in bûtenlânsk aksint hawwe, wurde faak diskriminearre as se in hûs sykje, nei de rjochtbank moatte, in baan sykje of nei skoalle gean wolle”, fertelt Agata Gluszek. Hja bestudearre de stigmatisearring op basis fan it aksint. Neier ûndersyk moat útwizing jaan hoe’t bern krekt mei taal omgeane: ûndergeane se it as wat biologysk en by de berte meikrigen of is it wat dat ôfhinget fan it miljeu, dêr’t se yn opbrocht binne?
Ek sjen:









