Besunigje
moandei 12 april 2010
Der moat sa’n soad besunige wurde, dat it regear dermei oan is.
Politisy roppe om it hurdst dat se de minsken gjin seardwaan wolle.
Mar der is gjinien dy’t it oandoart om de maatregels te nimmen dy’t derta dogge.
Skaf alle regels ôf dy’t kontrolearre wurde moatte troch minsken, dy’t better wat oars dwaan kinne.
Skaf alle amtners ôf dy’t soksoarte fan maatregels betinke.
En omdat gjin amtner, gjin manager dit dwaan sil: nim sels de leie.
Doch dyn wurk sa asto it dwaan wolst.
Steur dy net oan regels en maatregels .
Tink sels nei, doar sels te fielen wat goed is en wat min.
Doar derfoar út te kommen datsto gek wurdst asto alle regels folgje silst.
Regels binne foar de bangen.
Asto hiel bang bist, nim dan wat antypsychoatika.
Dan doarst ynienen folle mear oan.
En ferjou de minsken dy’t net doare.
Jou se in hân en wat freonskip.
Meitsje wille.
Wille wurket, makket minsken sterk.
Fun is beautiful.
Ek sjen:
- Besunigje sûnder pine Wy sjugge op’t heden, dat der fan oerheidswege allerhande pynlike...
- Besunigje sûnder skea Der moat wer geweldich besunige wurde en wy kinne al...
- Grikelân sil besunigje ATENE – It Grykske parlemint hat ja sein tsjin in...
- Frijwillich Oeral dêr’t frijwilligers wurkje, is de sfear opperbêst. De lju...
- Europeesk parlemint besunigje op tolken? It Europeesk parlemint tinkt deroer nei oft der besunige wurde...









Nanne
12 april 2010 12:13
Dit liket my gjin nijsberjocht mar in kollum. Ik sjoch de lêste dagen yn itnijs mear berjochten dy’t gjin (objektyf) nijs ynhawwe mar mear in (subjektyf) boadskip. Dat lêste is ek bêst, mar dan as kollum of ynstjoerd stik. Oars reitsje lêzers op ‘e doele.
K. Koopmans
12 april 2010 13:08
Nijs kin noait objektyf wêze. Net ien wit wat der allegear spilet. In miening derby jaan makket mear dúdlik as allinnich in pear saneamde feiten op te skriuwen. En it helpt tinken.
X
12 april 2010 14:00
Fansels kin nijs noait objektyf wêze, mar der is wol ferskil tusken in nijsberjocht (dat foaral ynformaasje jout) en in opinystik of column (dy’t foaral in miening jout). Ik fyn it ek wat ferfelend as dy twa trochelkoar hinne steane.
K. Koopmans
13 april 2010 10:35
Jo wurde ferrifele trochdat in gefoel, in miening de namme ha net objektyf te wêzen.
Mar ferjit net dat in hiel soad feiten achterhâlden wurde of krekt foar it ljocht helle wurde omdat dat ‘belangryk’ is foar de berjochtjouwer, of eins omdat sa syn belangen tsjinne wurde.