Brief oan De Rouwe

tongersdei 22 april 2010

rouweNei de Ried fan de Fryske Beweging hat it CDA no ek in petysje op ynternet tsjin it opheffen fan Fryslân. It is fansels prachtich dat it CDA it mei de Ried iens is, mar sterker hie west as se iepenlik de petysje fan de Ried stipe hiene. De Ried hat De Rouwe, as betinker fan de petysje, dizze brief skreaun.

Achte hear De Rouwe,

Hjoed hearden wy dat jimme in petysje op ynternet setten ha tsjin de opheffing fan Fryslân. Kennelik binne jo net faak genôch yn Fryslân om te witten dat de Ried fan de Fryske Beweging al in wike sa’n petysje op ynternet hat en dat dêr al in lytse 3000 minsken op tekene ha. Neffens ús hie it sterker west as jimme net in nije petysje de loft yn dien hiene mar op jimme hiemside op te roppen om te tekenjen op de hiemside fan de Ried: www.foarfryslan.nl. Dat kin fansels noch altyd.

Mei freonlike groetnis

Dr J. van der Bij (foars. RfdFB)

Ek sjen:

  1. Lokwinsk Winsumer Keatskrite Ljouwert, 26 septimber 2010 Achte bestjoersleden, De Ried fan de Fryske Beweging...
  2. Minsken sûnder mail stypje www.foarfryslan.nl De Ried fan de Fryske Beweging hat in petysje online...
  3. Lokwinsk oan Friisk Foriining Tige achtenearre dames en hearen, De Ried fan de Fryske...
  4. Pommeranten skewiele Kulturele Haadstêd LJOUWERT – In soad pommeranten en bekende Friezen sprekke harren...
  5. Twa nije bestjoersleden Fryske Beweging De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is de belange-organisaasje...

1 reaksje op “Brief oan De Rouwe”


  1. Gees
    23 april 2010 15:30

    It CDA hat it idee fan in petysje tsjin it opheffen fan de provinsje(s) fan Fryslân oernommen. Spitich is dat se yn Fryslân begûn binne mei in eigen petysje ynstee fan harren leden en kiezers hjir oan te trunen om te tekenjen op http://www.foarfryslan.nl.Dat hie in oprjochte kar west foar it bestean bliuwen fan Fryslân as provinsje. Mei dizze eigen CDA-petysje lade se it oadium op har dat har aksje in partijpolitike ferkiezingsstunt is. Dit is ek spitich foar de CDA minsken dy’t oprjocht kieze foar it bestean bliuwen fan Fryslân as provinsje.

Realisaasje: Pronamic