Britten ferkleie paus

snein 11 april 2010

Twa Britten binne fan doel om de paus te ferkleien foar misdieden tsjin it minskdom. It binne de biolooch Richard Dawkins en de sjoernalist Christopher Hitchens. Beide binne ferneamd om’t se har fûl warre tsjin pseudo-wittenskip.

Dawkins

Richard Dawkins

Joseph Ratzinger, hjoed de dei bekend as paus Benediktus de sechstjinde, wie yn de jierren ’80 kardinaal. Dizze wike binne der brieven tusken him en it Amerikaanske bisdom Oakland opdûkt dy’t derop wize dat Ratzinger om it oansjen fan de Roomske tsjerke te rêden in preester yn tsjinst holden hat dy’t mei bern knoeid hie, al hienen de man sels en it bisdom derom frege dat er út syn amt set waard. Dêrnjonken komt de lêste moannen it iene nei it oare gefal fan misbrûk fan bern troch preesters yn it nijs.

Christopher Hitchens

Christopher Hitchens

Ratzinger sil fan 16-19 septimber in besite bringe oan it Feriene Keninkryk. Hy wol dan yn Londen, Glasgow en Coventry del. Dawkins en Hitchens wolle dat er dan arrestearre wurdt. Se hawwe twa abbekaten op ‘e saak set. Dy ferwachtsje dat it wol slagget om in proseduere tsjin Ratzinger oan te spannen. Se sizze hjoed yn de Times: “Wy binne derachter kaam dat it Fatikaan neffens ynternasjonaal rjocht gjin steat is. It wurdt net erkend troch de Feriene Naasjes, hat gjin grinsposten en ûnderhâldt gjin folweardige diplomatike relaasjes.” Om dy reden ferwachtsje de abbekaten dat Ratzinger gjin oanspraak meitsje kin op diplomatike ûnskeinberens.

Hitchens seit: “Dizze man stiet net boppe de wet en hy falt der ek net bûten. It is ûnder elke wet in misdied om lieding te jaan oan in ynstitút dat it ferkrêftsjen fan bern út de publisiteit besiket te hâlden. Soks freget net om persoanlike skuldbekentenissen of tsjerklike ôfkeapsommen, mar om berjochting en straf.”

De beide oankleiers ferwachtsje dat de Ingelske plysje fan deselde wet gebrûk meitsje kin as yn 1998, doe’t de Sjileenske diktator Pinochet by in besite oan it Feriene Keninkryk arrestearre waard.

Ratzinger yn syn funksje as paus.

Ratzinger yn syn funksje as paus.

Ek sjen:

  1. Waaksend protest tsjin Ratzinger
  2. Ideeën pausbesite falle ferkeard
  3. Paus gûlt om bernemisbrûk
  4. Stjoer de paus in sms’ke
  5. Paus yn Londen seit sorry

1 reaksje op “Britten ferkleie paus”


  1. K. Koopmans
    12 april 2010 10:22

    Wy moatte ús fijannen leafhawwe.
    Wy moatte elkenien syn misdieden ferjaan.
    Ek as dêr net fol skuldgefoel om frege wurdt, en mar trochgean en alle wetten fan leafde mei fuotten wâdzje?

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic