Dea jonkje komt wer ta libben

woansdei 21 april 2010

Paul Eicke (foto: Bild)

Paul Eicke (foto: Bild)

In ‘suver-dea-wjerfarren’ (sdw) hat Liuwe Westra it ris neamd: minsken lykje dea te wêzen, fertoane gjin breinaktiviteit mear, komme dan dochs wer ta harsels en ferhelje fan kleare ljochten, moetingen mei ferstoarne sibben en oare bysûndere ûnderfiningen.

In Dútske beuker hat trije oeren lang dea west en kaam doe wer ta himsels. Hy ferhellet dat er syn oerbeppe yn de himel sjoen hat.

Paul Eicke, trije jier âld, wie by syn pake en beppe yn ‘e túnfiver fallen. It duorre in pear minuten ear’t syn pake it yn ‘e rekken hie en him út it wetter skuorde. Syn heit begûn fuort mei hertmassaazje en blaasde him lucht yn ‘e longen.

Mei in helikopter waard lytse Paul nei in sikehûs yn Berlyn ta flein. Dêr ha dokters trije oeren lang besocht om him te reanimearjen. Dat like net te slagjen, mar doe ynienen begûn syn hert wer te klopjen. Paul liket gjin skea oan ‘e harsens of oarsearne oerholden te hawwen.

It jonkje fertelt oer de tiid dat er medysk dea wie: “It wie hiel ljocht. Ik kaam by in poarte en seach oerbeppe oan ‘e oare kant. Se frege: Wat dochsto hjir, Paul? Moatst werom nei heit en mem!”

Dokter Lothar Schweigerer fan it Berliner sikehûs is djip ûnder de yndruk en kin net ferklearje dat lytse Paul ynienen wer ta besef kaam. “Wy tochten dat er harsendea wie,” seit er. “It wie in merakel. Soks haw ik noch noait meimakke yn de tritich jier dat ik dokter bin. It lit sjen hoe hecht oft de minsklike lea binne en dat wy it noait oerjaan meie.”

Wittenskippers begripe net folle fan in sdw. Guon tinke dat in brein dat gjin soerstof mear kriget yn in slieptastân komt en begjint te dreamen.

Ek sjen:

  1. Jonkje omkommen by brân yn Warkum
  2. Kitkat foar in sûn libben
  3. Jonkje fan 6 beskuldige fan misbrûk
  4. Bitende fioelspin komt deroan
  5. Irene komt yn ‘e FS oan

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic