Dútsers binne tûker wurden

woansdei 7 april 2010

Dútsers binne yn de jierren ’90 tûker wurden. It Dútske IQ is tusken 1988 en 2002 mei njoggen punten omheech gongen. Dat skriuwe de ûndersikers Claudia S. Erzberger en Rolf R. Engel yn it nijste nûmer fan it Zeitschrift für Neuropsychologie. De ûndersikers konkludearren dat de IQ-tests fan 2002 gâns stranger beoardiele waarden as dy fan 1988. As men deselde beoardieling tapasse soe, blykte dat de yntelliginsje tanaam wie.

It is net wis oft it Dútske IQ nei 2002 noch fierder tanaam is. Rûnom yn Europa is sûnt de ieuwiksel nammentlik in delgong fan de trochhinne yntelliginsje te sjen. Benammen it fermogen om selsstannich nije ynformaasje op te nimmen wurdt by Europeanen minder. Yn Afrika en Azië wurde minsken noch wol hieltyd tûker.

Ek sjen:

  1. Ateïsten binne tûker
  2. Meartaligens makket tûker
  3. Tûker troch in baktearje
  4. Minder seks, mear televyzje
  5. Tûker troch tate

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic