Frou hâldt fan bromstim
tongersdei 29 april 2010CAMBRIDGE – Memmen hâlde fan manlju mei in hege stim. Frijfammen falle op manlju mei in djippe, ientoanige stim. Manlju fine in hege stim by froulju oantreklik, mar tinke dat froulju mei in lege stim bettere memmen binne.
Dat hat in ynternasjonaal ûndersykstiim ûntdutsen. Op Kennisnet is in gearfetting fan it ûndersyk te lêzen. Nijsgjirrich is fierder dat kultuer der net safolle ta docht: net allinnich westerske minsken hawwe de boppesteande foarkarren, dat jildt ek foar primitive stammen yn Afrika. As natuerlike stimmen mei de kompjûter heger, leger of monotoaner makke waarden, reagearre elkenien dêrop.
Neffens de ûndersikers tsjut ientoanigens op wissichheid en sûnens. In djippe stim tsjut op testosteron, wat in jager hawwe moat, mar wat de kâns dat in heit syn frou en bern ferlit ek grutter makket.
Klik hjir om de gearfetting op Kennislink te lêzen.
Ek sjen:
- Froulju skilje mei bromstim READING – As froulju in tillefoanpetear fiere mei ien op...
- Man ûntspant by grizelfilm, frou fielt stress LONDEN – Manlju en froulju sjogge hiel ferskillend nei grizelfilms....
- Kreaze froulju binne gefaarlik FALENSIA – Kreaze froulju binne gefaarlik. Manlju dy’t fiif minuten...
- Stim ferriedt spiersterkens SANTA BARBARA – Oan in man syn stim is te...
- Frouljusstim oantreklikst krekt foar aaisprong GÖTTINGEN – Frouljusstimmen binne foar manlju it oantreklikst as de...









Roel
30 april 2010 10:45
Brombrom! Kom mar op, frijfammen
Nynke
2 septimber 2010 23:35
Haha, ik geloof er best iets van!
