Frysk Diktee 2010

woansdei 14 april 2010

DikteeDiktee foar de bern
Tiisdei 20 april 2010 wurdt foar de tsiende kear it Frysk Diktee holden. De middeis dogge 40 learlingen fan sa’n 20 basisskoallen mei oan it Lyts Frysk Diktee. It diktee wurdt foarlêzen troch skriuwster Auck Peanstra. It sil begjinne om 15:00 oere.

Diktee foar grutte minsken
De jûns om 20:00 oere is it Grut Frysk Diktee. Fiifentritich betûfte Fryskskriuwers litte dy jûns sjen wa’t de bêste Fryskskriuwer anno 2010 is. It tema fan de tekst is dit jier ‘muzyk’. De tekst fan it diktee is skreaun en wurdt foarlêzen troch sjonger Piter Wilkens.

Bekende Friezen
Omdat it in jubileum is, binne ek in stikmannich bekende Friezen útnoege en dy hawwe harren ree ferklearre om oan it diktee mei te dwaan. It binne de steateleden Pytsje de Graaf (FNP) en Johannes Kramer (FNP), sjoernalisten Gerbrich van der Meer (Friesch Dagblad) en Femke de Walle (Omrop Fryslân), kabaretier Ruurd Walinga, sjonger Gurbe Douwstra, skriuwers Lida Dykstra, Hylke Speerstra en ynstitútsdirekteuren Geart de Vries (Histoarysk Sintrum Ljouwert), Henk Wilbers (Cedin), en Reinier Salverda (Fryske Akademy).

Oare ynformaasje
De lokaasje is de Steateseal fan it Provinsjehûs oan de Snitsertrekwei yn Ljouwert.
It Grut Frysk Diktee is in inisjatyf fan de Afûk, it Taalsintrum Frysk fan it Cedin, it Fryske Boek en de Fryske Akademy. De organisaasje is yn hannen fan Siegbert de Jong, Douwe Kootstra en Hindrik Sijens.
Om-ende-by 16.30 oere is de útslach fan it Lyts Frysk Diktee bekend.

Op ‘e jûn begjint it om 20:00 oere mei it foarlêzen fan it diktee. De útslach wurdt om 21:45 oere ferwachte.

Ek sjen:

  1. Piter Wilkens skriuwt 10de Grut Frysk Diktee
  2. Grut Frysk Diktee 2010
  3. Jongelju winne Frysk diktee
  4. Twatalich diktee foar it Fryske lústerboek
  5. Aukje Jansma winner Frysk diktee

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic