Geweld op TV

moandei 19 april 2010

Hieltyd faker sjocht men geweld op ‘e TV. Dat binne dan sokke sitewaasjes, wêrby’t men de adrenaline streamen fielt, soms oant yn berneprogramma’s ta. Wat heappet him sa net in soad agresje yn minsken op. Gjin wûnder dat se inoar hieltyd faker samar de kop yn slagge of wâdzje! “Jonge minsken moatte hurde wurde” is it sizzenTsjonger-197x106 dan. Mar al te striidber slacht inoar dea.

Okkerjiers hiene se samar de seks fan’e TV ôf. En dan wie dat ek noch seks fan neat; der siet minder meigefoel yn as by de ko en de bolle! Lit dy TV-plysje marris wat minder skynhillich en wat mear minsklik wurde en noch foar de simmer dy geweld-rotsoai út ‘e húskeamers weihelje. Want geweld is gefaarliker as seks!

Pyt

Ek sjen:

  1. Fûl Libysk geweld yn Benghazi
  2. Kâns polityk geweld
  3. ETA fierder sûnder geweld
  4. ETA wol ein oan geweld
  5. Slim geweld no ek yn Tripoli

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic