Harsens reagearje op autoriteit

tongersdei 29 april 2010

ÅRHUS – harsensMinsken wurde minder kritysk as se harkje nei in persoan fan wa’t se tinke dat dy bysûnder is. Dan wurde de dielen fan it brein útskeakele dy’t anneks binne mei skepsis en mei wach wêzen. Dat docht bliken út in ûndersyk nei de ynfloed fan gebedsgenêzers. It ûndersyk is útfierd troch Uffe Schjødt en syn ûndersykstiim fan de universiteit yn Århus.

De wittenskippers lieten minsken harkje nei achttjin gebeden. Se seinen dat seis dêrfan opsein waarden troch in kristen, seis troch in net-kristen en seis troch in gebedsgenêzer. Yn werklikheid wienen alle foarlêzers “gewoane” kristenen.

By net-leauwige proefpersoanen feroare neat. De leauwige proefpersoanen waarden minder kritysk as se harken nei kristlike foarlêzers en noch noch minder kritysk as de foarlêzer in sabeare gebedsgenêzer wie.

De ûndersikers wolle no graach witte oft der ek oare minsken binne dy’t yn steat binne om dielen fan it brein plat te lizzen, bygelyks politisy, dokters en âlden.

Ek sjen:

  1. Aldere harsens flugger fol MONTREAL – As minsken âlder wurde, leare se minder maklik....
  2. Hongerige harsens frette harsels op NEW YORK – As mûzen honger hawwe, begjinne de harsens...
  3. Beien himmelje de harsens BOSTON – Ierdbeien, toarnbeien en blebberbeien hâlde de harsens sûn....
  4. Spin hat harsens yn de poatsjes PANAMA – In spinnekop is mar lyts. Dêrom slagge guon...
  5. Harsens ha mar twa helten Biologysk binne wy makke foar multitasking. Ta in hichte dan....

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic