Hylkema skriuwt oer kofje

snein 18 april 2010

JoukeHylkemaYn ‘Op ‘e kofje yn ’e kosmos’, hat Jouke Hylkema ferskillende foarmen ferwurke: byldzjende poëzy, dialogen, monologen, mar ek in preek. It gehiel falt yn tsjinstelling ta syn foarige bondel, Beabuorster monologen, it bêste te omskriuwen as Rely-fiksje. It foldocht oan itselde amorfe gefoel dat hy oerhâlde oan tweintich jier harsenstumor. ‘Amorf’ is in ûntliening oan it Gryksk, betsjutting: sûnder foarm’.  Fiifentweintich jier nei genêzing is der dus dochs wer in foarm ûntstien wêryn’t dy trochlibbe foarmleazens stal kriget. Op it stuit wurket Jouke Hylkema oan de Nederlânske oersetting fan ‘Op ’e kofje yn ’e kosmos’.

Oer it boek: Wy skriuwe it jier 2045: twa ierdlingen bemanje it romteskip ‘Nun’ dat al acht jier ûnderweis is nei ‘Sodom-y’. De NASA mient bewiisd te hawwen dat it libben op ’e planeet oerienkomst hat mei it ûntstean fan ’e ierde. De kosmonauten Dobby en Kommandant wisten by de lansearring al dat it op in tiidslinende ûndernimming útrinne soe. Al kin de minske al withoefolle kearen hurder as it lûd, noch lang net kin er hurder as it ljocht. Beide kosmonauten binne selektearre om’t hja net troud binne, gjin famylje hawwe en hast gjin freonen. Dobby is sels mar foar in part minsklik! Paradoksaal genôch stjoert de Kommandant syn befinings yn in byldzjende rapportaazje, ûnder oaren yn ’e foarm fan terzinen, nei de ierde. Dobby fernimt hoe’t de poëtyske boadskippen fan syn kollega hieltyd religieuzer wurde wat mear it skip him ferwideret fan it molkweistelsel… En dan… bart der, lykas yn safolle SF-ferhalen, eat dat hast net ûnder wurden brocht wurde kin. Alle apparaten falle út, útsein it kofjesetapparaat.

Titel:     Op ’e kofje yn ’e kosmos
Skriuwer:    Jouke Hylkema
Tal siden:    54
ISBN:    978 90 8954 152 9
Priis:    € 12,50Kofje

Ek sjen:

  1. Afke Hylkema is de bêste Maaike Wind, Gérieke de Groot en Afke Hylkema ha de...
  2. Keatsplannen fan Afke Hylkema Ald-keatster Afke Hylkema sil har kennis en ûnderfining ynsette om...
  3. Sietse de Vries skriuwt kadoboek 2012 Tresoar makket hjirby bekend dat Sietse de Vries de skriuwer...
  4. FNP skriuwt 1300ste lid yn Tongersdei 10 desimber hat de FNP syn 1300ste lid ynskreaun....
  5. Speerstra skriuwt nij Paradys Hylke Speerstra hat in ferfolch skreaun op syn bestseller “It...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic