Kataloanië in ûnôfhinklik lân?

moandei 19 april 2010

catalonia_flagFOLKSRIEDPLACHTING YN NEDERLÂN OER ÛNÔFHINKLIKHEID FAN KATALOANIË
LOKAASJE: AMSTERDAMS HISTOARYSK MUSEUM
DATUM: SNEIN 25 APRIL 2010, FAN 11 OANT 16 OERE

Snein 25 april 2010, fan 11 oant 15:30 oere meie alle yn Nederlân wenjende Katalanen in antwurd jaan op de fraach: “Moat Kataloanië in sosjaal, demokratysk en ûnôfhinklik lân wurde, binnen de Europeeske Uny?”.

Op 25 april 2010 wurde der yn Kataloanië, yn 211 gemeenten referinda holden.  Oardel (1,5) miljoen Katalanen binne oproppen om te stimmen. Dêrneist wurde ek referinda holden yn Switserlân, Quebec, Ierlân en Nederlân foar alle Katalanen dy’t dêr wenje.
It referindum yn Nederlân is inisjatyf fan Miquel Marzabal i Galano, konsepttinker en aktivist.
Marzabal i Galano sette Holanda Decideix op (Neder¬lân Kiest) en foarme in tiim fan fiif (5) frijwilligers om it referindum yn Nederlân te organisearjen.

PROGRAMMA
It programma falt gear mei aktiviteiten oangeande de fiering fan Sant Jordi, diels organisearre troch de Katalaanske Feriening. Alle taspraken binne yn it Katalaansk en Nederlânsk:
11:00 Stimbus iepen
12:30 Castells (minsklike tuorren)
Twa eksperts sille sjen litte hoe’t minsklike tuorren makke wurde.
13:30 Taspraak fan Cercle Català de Negocis Stichting fan Katalaanske Sakelju.
De foardielen fan in eigen steat sille taljochte wurde.
13:45 Dichter Josepmiquel Servià sil in taspraak hâlde.
14:00 Sardana dûns (Katalaanske folksdûns by útstek. Sardanaorkest ‘Cobla La Principal d’Amsterdam’ sil spylje.
Eltsenien mei oanskowe by de dûns.
15:30 Stimbus ticht. De stimmen wurde teld.
15:30 Diego Arcos, direkteur fan de Argentynske Feriening yn Barcelona en auteur fan it boek “Ymmigraasje, demokrasy en ûnôfhinklikheid’ sil in taspraak hâlde.
15:45 Xavier Mir, Katalaanske taaldeskundige en
blog-skriuwer sil in taspraak hâlde.
16:00 De resultaten fan it referindum wurde bekend makke ûnder genot fan in glês cava.
EFTERGRÛN YNFORMAASJE:
Alles begûn op 13 septimber 2009 yn de Katalaanske gemeente Arenys de Munt, dêr’t in lokale organisaasje in referindum organisearre oer de ûnôfhinklikheid fan Kataloanië.

Neffens de Spaanske wetjouwing meie oerheidsynstellings allinnich referinda organisearje mei tastimming fan it Spaanske regear. Tastimming foar in referindum oer de ûnôfhinklikheid wol Spanje net jaan omdat it yn striid is mei de Spaanske konstitúsje (dêryn stiet dat Spanje ûndielber is). Mar, de Spaanske konstitúsje is yn striid mei de binende ynternasjonale wetjouwing fan de Feriene Naasjes, dy’t boarch stiet foar it rjocht op selsbeskikking fan alle folken. En Spanje stimde op 20 april 1977 dêrmei yn. Op Kêst 1, lid 2 fan de UNITED NATIONS CHARTER stiet: To develop friendly relations among nations based on respect for the principle of equal rights and self-determination of peoples, and to take other appropriate measures to strengthen universal peace. Dochs mient Spanje it rjocht op selsbeskikking fan de Katalanen oan bannen lizze te meien salang’t Kataloanië ûnder Spanje falt. Dêrneist hat Spanje altyd roppen dat mar in lytse minderheid foarstanner is fan de ûnôfhinklikheid. Blykber binne se dêr net sa wis fan; wêrom soenen se dan überhaupt wardwaan om it te ferbieden? It Spaanske regear stjoerde in abbekaat nei Arenys de Munt ta om it referindum te ferbieden. It besykjen fan it Spaanske regear mislearre.

Spanje kin in privee-folksriedplachting net ferbiede. Salang’t de Katalaanske autoriteiten net de inisjators binne fan de referinda, mei Spanje se net ferbiede.
De Katalanen seagen hjirmei in kâns om einlings efter de wierheid te kommen: is it meastepart fan de Katalaanske befolking foar of tsjin de ûnôfhinklikheid?
En sa binne der op gemeentlik nivo alderlei organisaasjes ûntstien. Der binne net folle middels en der is gjin jild, mar mei help fan tûzenen frijwilligers wurde rûnom yn Kataloanië hieltiten mear referinda holden. Der hawwe al twa omgongen west, earst yn 170 en doe yn 100 gemeenten, 25 april is de tredde. It fenomeen fan de referinda is unyk yn de wrâld en der wurkje tûzenen minsken oan mei, nettsjinsteande tsjinwurking fan it Spaanske regear en Spaanske nasjonalistyske partijen.
Neist de referinda is der yn Kataloanië in nije beweging ûntstien. In beweging betocht om meikoarten de ûnôfhinklikheid út te roppen. Reagrupament is in politike partij basearre op direkte demokrasy mei as iennich punt de ûnôfhinklikheid. Joan Laporta, hjoeddeiske presidint fan F.C. Barcelona hat goede relaasjes mei de listlûker fan Reagrupament en faaks sille se tegearre in mienskiplik front meitsje foar de kommende ferkiezings yn Kataloanië (novimber 2010).

Ek sjen:

  1. Kataloanië moat Spaansktalich ûnderwiis jaan BARCELONA – Trije Spaansktalige hûshâldens yn Kataloanië hawwe rjocht op...
  2. Lêste bollegefjocht yn Kataloanië BARCELONA – Yn de Katalaanske haadstêd Barcelona is snein it...
  3. In ûnôfhinklik Katalonië? Op 13 septimber 2009 waard yn it Katalaanske plak Arenys...
  4. Katalaansk ûnderwiis moat twatalich wurde BARCELONA – Alle skoallen yn Kataloanië moatte twatalich wurde. Dat...
  5. ‘Spanje berôvet ús’ BARCELONA – Yn it Katalaanske parlemint is dizze wike opskuor...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic