Keninginnedei

freed 30 april 2010

IMGP5992Hjoed is it keninginnedei. Ik bin net sa fan it keninklik hûs, mar salang as se gjin ferkearde dingen dogge, meie se om my wêze sa’t se binne.
Mar, en ik jou it grutsk ta, hjoed is de keninginne myn heldinne.
Op de site www.4en5mei.nl stiet se tusken alle oaren dy’t in posityf boadskip ha, mei in tekst dy’t ik net letterlik werhelje kin, sa goed is myn ûnthâld no ek wer net.
Mar it komt derop del dat elkenien oan de frijheid fan no en letter meiwurkje kin. En wa’t dat wol, kin mar it bêste begjinne mei de hate dy’t er yn himsels fielt, te oerwinnen en te ferfangen troch leafde.
Sa woe ik it dan mar ha. Ik en de keninginne tekenje dêrmei foar de frede. Der binne moaie dingen genôch yn de wrâld dy’t helpe kinne om de ellinde te ferjitten. Humor en kreativiteit stypje de minsken dêrby.
Mei de keninginne lang libje, mei har boadskip foar my en alle oaren dy’t it net sa maklik hân ha en no frede en feilichheid fine wolle. En de frijheid om te dwaan wat se fiele dat goed is.
www.klaskehiemstra.nl

Ek sjen:

  1. Keninginnedei-iten ferkeard DE HAACH – It is noedlik om mei keninginnedei in...
  2. Keninginnedei sa’t it wie De oanslach op 30 april yn Apeldoorn kin der neat...
  3. Oanfal op koets Beatrix DE HAACH – In nuvere daze man hat hjoed in...
  4. Keamerferkiezingen op 9 juny Der komme op 9 juny Twadde Keamerferkiezingen. Keninginne Beatrix hat...
  5. Rosenthal en Wallage ynformateurs DE HAACH – Ynformateur Herman Tjeenk Willink hat keninginne Beatrix...

1 reaksje op “Keninginnedei”

  1. [...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: Keninginnedei: Hjoed is it keninginnedei. Ik bin net sa fan it keninklik hûs, mar salang as se gjin ferkearde ding… http://bit.ly/92WWyn [...]

Realisaasje: Pronamic