Kristenen wolle rjochters slite

tongersdei 15 april 2010
Lord Carey

Lord Carey

In groep Britten wol dat de heechste rjochters fan it Feriene Keninkryk ferfongen wurde. Se soenen gjin ferstân hawwe fan religy. Neffens harren moatte der rjochters beneamd wurde dy’t dêr mear doel oer hawwe. Hjoed tsjinje se dêr by de Britske oerheid in fersyk ta yn.

It bekendste lid fan de groep is Lord Carey – de eardere aartsbiskop fan Canterbury. De groep is fan betinken dat in stikmannich resinte rjochterlike útspraken “ferheisterjend” en “gefaarlik” binne. Se hawwe it dan oer in amtner dy’t dien krige om’t se gjin gearwenningskontrakten tekenje woe, en oer in ferpleechster dy’t twongen waard om har kjetting mei in krúske deroan ôf te dwaan.

Yn desimber komt der in saak foar de rjochter fan Gary McFarlane, in relaasjeterapeut dy’t syn ûntslach oanfjochtet. Hy waard ûntslein waard om’t er gjin homostellen helpe woe. De kristlike groep kin der net oer út dat it “rjocht om útdrukking te jaan oan it kristlik leauwe” ûndergeskikt is oan de rjochten fan homoseksuelen. Se soenen it net terjochte fine as McFarlane ûngelyk krige. Fan de notiidske rjochters ferwachtsje se gjin earlike útspraak.

Ek sjen:

  1. Krapte oan rjochters
  2. Nije rjochters Wilders ek wegere
  3. Egypte wol kristenen beskermje
  4. Turkske joaden en kristenen krije besit werom
  5. Grins wol syn ferpofamtners slite

1 reaksje op “Kristenen wolle rjochters slite”


  1. mbc84
    15 april 2010 20:24

    haha, krekt goed, fiele hja no ek dat hja neat mear binne as gewoane minsken. Dat, it kristlik leauwen moat boppen bygelyks de rjochten fan homosekuelen stean? Haha, it is wat, hja fiele harren wichtiger, krekt goed dat se no net mear de macht hawwe dy’t se ieuwen lang spitigernôch al hân hawwe en dêrtroch’t der in heap ellinde op ‘e wrâld kommen is…

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic