Obama ferrommet besikersregeling

snein 18 april 2010

ObamaDe Amerikaanske presidint Barack Obama makket in ein oan de oerstrange besikersregelingen dy’t in soad sikehuzen yn de Feriene Steaten hawwe. No  wurde soms allinnich de neiste sibben en de  man of frou fan de pasjint ta de sikeseal talitten. Guon sikehuzen keare sels de oarehelte fan ien dy’t net foar de wet troud is.

Obama wie benammen oandien troch de saak fan in lesbysk span út Floarida. Se hienen fjouwer oannommen bern en in gearwenningskontrakt, mar doe’t ien fan ‘e froulju mei in oerhaal haljetrawalje nei it sikehûs ta moast, mocht har partelot net by har wêze. Se stoar allinnich. Obama hat mei de widdo belle om te sizzen dat dat nea wêze moatten hie.

Formeel hat Obama neat te sizzen oer it besikersbelied fan sikehuzen, mar hy kin sikehuzen dy’t oerheidsstipe krije – en dat binne hast alle sikehuzen – wol in romhertiger regeling oplizze as subsydzjebetingst. Freed hat er de sikehuzen te witten dien dat sa’n betingst op kommendewei is.

Ek sjen:

  1. Soarchplan Obama dertroch
  2. Obama lulk op generaal
  3. Obama warskôget Iran
  4. Obama ferdigenet ynset yn Libië
  5. Obama: moskee moat kinne

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic