Paus gûlt om bernemisbrûk
moandei 19 april 2010
Paus Joseph Ratzinger hat fan ‘t wykein op Malta mei acht minsken praat mei wa’t in preester omknoeid hat doe’t se noch bern wienen. De paus, dy’t ek bekend is as Benediktus de sechstjinde, wie “nederich en tige moedich” en hat gûld doe’t er hearde wat de preesters de minsken oandien hawwe, sei ien fan ‘e slachtoffers.
Ratzinger hat de lêste tiid ûnder fjoer lein om’t er yn de jierren ’80 twa jier wachte hat foar’t er in preester dien joech dy’t bern misbrûkt hie. De roomske tsjerke is de lêste jierren hieltyd yn it nijs troch pedofile preesters.
De paus is sneintejûn wer thúskaam nei in sneinoer op Malta.
Ek sjen:








