Paus skouderet knoeide bern

snein 4 april 2010

Yn syn funksje fan paus Benediktus de sechstjinde hat Joseph Ratzinger hjoed it peaskepraatsje urbi et orbi útsprutsen op it Sint-Pitersplein yn Rome. Ta ferwûndering fan de parse hat er neat sein oer de preesters en oare tsjerkelju dy’t de lêste heale ieu mei bern omknoeid hawwe. Der hawwe de lêste tiid pausin soad fan sokken yn it nijs west.

Ratzinger hie it wol oer de ierdskok yn Haïty en dy yn Sjily. Fierders hat er wrâldproblemen lykas de hannel yn ferdôvjende middels en de striderij yn it Midden-Easten oanhelle. Hy hat Nederlân betanke foar de “fraaie bloemen”.

Earder fan ‘e moarn sei de deken fan it kolleezje fan kardinalen Angelo Sodano wol wat oer it trelit. Hy hie it lykwols net oer de slachtofferkes, mar naam it op foar de tsjerke, dy’t neffens him slachtoffer wie fan in lasterkampanje. “De tsjerke moat him neat oanlûke fan berjochten yn de media oer seksueel misbrûk,” wie er fan betinken.

Ek sjen:

  1. Paus yn Londen seit sorry LONDEN – Fan ‘e middei hawwe yn Londen tûzenen minsken...
  2. Paus gûlt om bernemisbrûk Paus Joseph Ratzinger hat fan ‘t wykein op Malta mei...
  3. Paus kin yn Amearika ferfolge wurde WASHINGTON – Yn Amearika wurdt it mooglik om lieders fan...
  4. Paus wol knallende god ROME  - De ierde is net it middelpunt fan it...
  5. Stjoer de paus in sms’ke ROME – De paus hat it nûmer fan syn mobyltsje...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic