Pjutteboartersplak Het Tweede Thuis
sneon 24 april 2010
Sneon 17 april wie op pjutteboartersplak Het Tweede Thuis oan de R. Koopmansstrjitte yn Frjentsjer in grutte Kidsfair/Iepen Hûs. De minsken dy’t dêr op ôfkamen, wiene tsjûge fan de sertifikaasje fan Het Tweede Thuis as twatalich pjutteboartersplak. It sertifikaat waard troch frou D. Osinga-Bonnema, de nije wethâlder fan û.o. ûnderwiis, útrikt oan de liedsters Baudina de Boer, Jolanda Faber en tutor Brenda van der Burg.
Frou Osinga hat Het Tweede Huis lokwinske mei de sertifikaasje en har wurdearring útsprutsen foar it omtinken dat Het Tweede Huis hat foar it Frysk en de meartalichheid.
By pjutteboartersplak Het Tweede Thuis ha de liedsters en stazjêres in tige bewuste en positive taalhâlding. Se hawwe geregeldwei aktiviteiten dy’t útnoegje ta boartsjen en it brûken fan taal. Der is in goede struktuer mei deiritmekaarten. De materialen en aktiviteiten dy’t Baudina, Jolanda en de oare liedsters brûke, drage by oan de taalûntwikkeling. Dêrby hâlde se rekken mei de foarkar en it ûntwikkelingsnivo fan de bern.
Bysûnder is dat bernedeiferbliuw Het Tweede Thuis - dat ûnder itselde dak sit – ek meidocht oan it sertifisearringstrajekt en dat it bernedeiferbliuw dat ynkoarten ek mei in sertifisearring ôfslute sil.
Op it Iepen Hûs wie der in soad belangstelling foar de aktiviteiten dy’t foar bern fan 0-12 jier opset wiene. Neist Tomke foarlêzen wie der kar út sminken, koekjebakken, bewegen op muzyk, in springkessen, boarters- en snobbersguod, klean, folle net genôch. En dat alles yn kombinaasje mei moai waar en ûnder fleurige begelieding fan DJ ‘Joop’.
Het Tweede Thuis falt ûnder de Stichting Kinderopvang Friesland. In organisaasje foar ferskate soarten berne-opfang: bernedeiferbliuw, bûtenskoalske opfang, fakânsje-opfang, gastâlderopfang, lytsskalige berne-opfang, fleksibele berne-opfang en pjutteboartersplak. By St. Kinderopvang Friesland stiet it bern sintraal. It bern moat him thús fiele en feiligens fiele. De Stichting bestiet sûnt 1991 en is warber yn in oantal gemeenten yn Fryslân.
Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt by de pjutteplakken del om harren wize fan wurkjen te beoardieljen. It Frysktalige en twatalige pjuttewurk hat ta doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen. Yn beide foarmen wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat ek de ûntwikkeling fan it Hollânsk te’n goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn kontakt mei de twadde taal.
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om de plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat dwaande is taalbelied yn te fieren of al ynfierd hat, nimt gâns ta, fan alve yn 2003 oant sa’n 85 no.
Ek sjen:










Maurits edvaldo westra
24 april 2010 10:51
Net een soart bysunders te melden mensken
prettig wykein allegere 
Lútsen
24 april 2010 20:27
Ja wol, datsto it foarinoar krije kinst om yn ien sin fan tsien wurden seis skriuw-/taalflaters te meitsjen. Grutte jonge, hear.