Seehoeder komt op foar blaufintonyn

snein 4 april 2010

No’t de ynternasjonale mienskip machteleas blykt te wêzen, tsjocht it flaggeskip Steve Irwin fan Shea Shepherd op nei Europa foar de slach om de lêste blaufintonyn yn de Middellânske See. 

 

Miljeu-organisaasje komt yn aksje…

news_100105_4_5_Ady_Gil_rammed_0208De miljeu-organisaasje Sea Shepherd– sis mar it agressivere broerke fan Greenpeace – siket al tsientallen jierren de konfrontaasje mei fiskers fan bedrige fisksoarten en is benammen tige warber mei aksjes tsjin Japanske walfiskjagers yn de omkriten fan Antarktika. Yn dy striid giet it der gauris need om wei. Sa waard begjin jannewaris de futuristysk eagjende trimaran Ady Gil fan de organisaasje stikken fearn troch it Japanske befeiligingsskip Shonan Maru 2. As reaksje intere de Nij Seelânske skipper Pete Bethune fan ‘e fergiene Ady Gil de Shonan Maru 2 yn febrewaris en waard dêrby arrestearre. Sûnt dy tiid sit er fêst yn Japan en krekt ôfrûne wike waard bekend dat der 5 oanklachten tsjin him formulearre binne. fleet_Steve_Irwin_sailing_02De Steve Irwin komt yn ‘e simmer oan yn ‘e Middellânske See en sil dêr, ek mei ynset fan Nederlânske frijwilligers, de striid mei de yllegale fiskerij op ‘e blaufintonyn oanbine. Efter de Middellânske Seefiskers stiet wer deselde fijân: Japan, dat  mear as 80 % fan dizze fisksoart konsumearret.

 

…wylst de ynternasjonale mienskip tsiert…

Oanlieding foar de nije aksje fan Sea Shepherd is it gruttendiels mislearjen fan de CITES-konferinsje fan de Feriene Naasjes yn Doha, Qatar, oer mei útstjerren bedrige floara en fauna, dy’t 25 maart einige. Plannen om koraal, de poalbear, haaiesoarten én de Atlantyske blaufintonyn te rêden, waarden fuortstimd troch in mearderheid fan ‘e 175 dielnimmende lannen, nei alle gedachten as gefolch fan lobby-aktiviteiten fan benammen Japan en Sina. tonijnOer it foarstel fan it Prinsdom Monako om de ynternasjonale kommersjele hannel yn de tige bedrige blaufintonyn te stopjen, is amperoan praat. Op oantrún fan Libië is der daliks oer stimd: fan de 129 stimmende CITES-leden wienen der 72 tsjin en 43 foar, mei 14 ûnthâldingen.

Lannen as Japan sizze dat se deroer yn noed sitte, mar fine CITES net it goeie fermidden om regelingen te treffen; dat moat dien wurde binnen ICCAT, in organisaasje foar it beskermjen fan de Atlantyske tonyn dêr’t 42 lannen lid fan binne. Mar miljeu-organisaasjes ha dêr gjin betrouwen yn. It  Wrâld Natuer Fûns (WNF) sommet de krityk op:

  • ICCAT hat te let kwotums fêststeld dy’t noch hieltyd fierstente heech binne. Bygelyks yn 1996 hawwe de eigen wittenskippers al maksimaal 25.000 ton oanrekommandearre foar de eastlike populaasje (sjoch hjirûnder) mar yn de perioade 2003-2006 waard it kwotum 32.000 ton it jier, wylst yn wurklikheid noch folle mear fongen wurdt.
  • De fangsten wurde net streekrjocht folge en kinne net daliks stopsetten wurde as it jierlikse kwotum fol is.
  • De fangsten wurde te min rapportearre om de fiskstân op ‘e tiid taksearje te kinnen.
  • Oer fisk dy’t fongen wurdt om mei te ‘buorkjen’ (sjoch hjirûnder) wurdt neat rapportearre.
  • Der wurdt te min dien oan (by)fangst fan te jonge fisk;
  • ICCAT is der altyd fan útgien dat der ôfsûnderlike eastlike en westlike populaasjes binne (sjoch hjirûnder), mar út nij ûndersyk docht bliken dat der wol kontakt is tusken beide populaasjes. Ôfname fan de eastlike kin dêrom ek de skriele westlike fierder ûnderstek dwaan.

Dochs leit de bal no wer by ICCAT. It WNF hopet derop dat de EU it opkearen fan de yndustriële fiskerij yn de Middellânske See yn dat fermidden bepleitsje sil op de folgjende ICCAT-gearkomste yn novimber yn Parys. Ûnderwilens wol it WNF de konsumint derop oansprekke. It Prinsdom Monako, dat ferline jier as earste lân yn de wrâld kompleet ‘blaufintonynfrij’ waard, tsjinnet as foarbyld.

 

…en de blaufintonyn lit.

Atlantyske blaufintonyn is de grutste tonynsoarte: folwoeksen fisken binne yn trochsneed 2 meter lang en wage 250 kg; mar in lingte fan  4 m is ek gjin útsûndering en it swierste oant no ta woegen eksimplaar wie 679 kg. Normaalwei swimme se mei in gong fan 2,8 oant 7,4 km yn ‘e oere, mar se geane ek wol hurder, oant 14,8 km/oe ta; lykwols helje se, as se efter in proai oan sitte, wol 70 k/oe. Se kinne net allinnich o sa hurd, mar ek hiel fier swimme: in part fan de populaasje stekt de Atlantyske Oseaan oer en docht dêr sa’n 60 dagen oer.

atlantic_tuna_dist_233846Fan de Atlantyske blaufintonyn is der in eastlike populaasje tusken West-Afrika en Noarwegen en in lytsere ek tige bedrige westlike, tusken Brazilië en Newfoundland. It paaiplak fan de westlike toninen is de Golf fan Meksiko, de eastlike ridzje yn de Middellânske See. Se binne waarmbloedich, moatte altyd yn beweging bliuwe om sykhelje te kinnen en frette oare fisk. Sels wurde se wer opfretten troch haaien, walfisken en troch minsken iten, benammen Japanners dy’t se yn ‘e sushi en sashimi stopje. As dat net bart, kinne se 15 oant 30 jier âld wurde.

news_100324_2_1_blue_fin_tunaNeffens it WNF wurdt der fan de eastlike populaasje, dy’t al ferdwûn is út ‘e Noardsee en de Swarte See, trije kear tefolle fongen om de fiskstân op peil te hâlden. Der is in protte fangst bûten de kwotums om, ûnder oaren troch Turkije dat gjin ICCAT-lid is en noch gjin kwotum hat. Mar ek de ICCAT-leden Spanje, Kroaasje, Frankryk, Italië, Portugal en Marokko meitsje harren neffens it WNF skuldich oan fangsten dy’t net rapportearre wurde en dus yllegaal binne. In nije tige grutte bedriging is de fiskfangst foar tsientallen ‘buorkerijen’ yn it Middellânske Seegebiet, dêr’t de te lytse tonyn earst fetmeste wurdt. Yn july 2006 wie de kapasiteit fan al dy tonynbuorkerijen meielkoar 55.300 ton, fier boppe it jierliks kwotum. Pervers genôch krije dy ‘buorkerijen’ EU-subsydzjes foar akwakultuer, wylst it dat fansels hielendal net is. Dêrneist binne de fiskersfloaten fan Frankryk en Spanje modernisearre mei EU-subsydzjes, wêrtroch de fangstkapasiteit folle grutter wurden is. Troch dizze ûntjouwings ferwachtet it WNF dat de eastlike populaasje fan ‘e blaufintonyn al binnen in jiermannich ynstoarte sil!

Njonken de Atlantyske binne der noch de Pasifyske en de Súdlike blaufintonyn, dy’t ek tige bedrige wurde troch benammen de Japanske fraach nei sushi en sashimi. Japan hâldt him offisjeel strikt oan de regels. Mar it WNF seit dat havens fan oare Súdeast-Aziatyske lannen wol yllegale blaufintonyn akseptearje, dy’t dan letter wer as in oar produkt, bygelyks ‘kant en kleare ynferzen sashimi-tonyn’, nei Japan útfierd wurdt.

tuna_fishmarket_japan_318683Hoewol ’t  de measte blaufintonyn dus nei Japan giet, wurdt de fisk by ús ek noch ferkocht. It WNF advisearret by de fiskboer en yn restaurants te freegjen nei de komôf fan ‘e tonyn en de blaufin út it Middellânske Seegebiet net te nimmen. De ynblikke tonyn dy’t yn de supermerk te krijen is, sil ornaris gjin blaufin wêze. Omdat ek de oare soarten ûnder druk steane wurdt wol oanrekommandearre altyd út te sjen nei de meast duorsume tonyn.

Ek sjen:

  1. Jong bloed komt ferâldering foar PALO ALTO – Drakula wie sa gek noch net: bloed...
  2. Fangstkwotum mei treddepart omleech It fangstkwotum fan Atlantyske blaufintonyn giet mei in treddepart omleech....
  3. Der komt in Tomke-app foar de iPad It Tomke-projekt bestiet no 15 jier en dat is in...
  4. ‘Alkoholfergiftiging by famkes komt hieltyd faker foar’ AMSTERDAM – De helte fan de jongerein dy’t mei in...
  5. Frankryk: ferbod op eksport tonyn Frankryk is foar in ferbod op de eksport fan blaufintonyn,...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic