Tsjerklik misbrûk struktureel

tongersdei 22 april 2010

bernemishannelingDe roomsk-katolike tsjerke hie saneamde ‘fixers’ yn tsjinst. Harren taak wie om berneknoeierij yn de doofpot te triuwen. Dat seit de eardere Kanadeeske mûnts Patrick Wall yn in ynterview foar de Kanadeeske omrop CBC.

Wall hat jierrenlang sa’n ‘fixer’ west. As der earne yn in parochy in preester wie dy’t him oan bern fergrypt hie, dan waard er dêrhinne stjoerd om mei preester, bern en âlden te praten. Hy moast derfoar soargje dat de bern tenei feilich wienen. Fierders moast er harren derfan oertsjûgje dat se har stilhâlde moasten. Neffens Wall hienen de oare mûntsen yn syn kleaster der gjin idee fan wat der allegear oan misbrûk spile om’t it sa goed slagge en hâld alles stil.

Ferfanger misbrûkte sels ek

Doe’t er as teologystudint troch de abt fan syn kleaster hifke oft er in bysûndere taak foar de tsjerke ferfolje woe. It like him in grutte eare ta en hy koe fuort oan ‘e slach. Nei’t er syn earste saak mei sukses ûnder de domper brocht hie, krige er de earste moanne trettjin nije saken foar him.

“Der binne yn de tsjerke tûzenen geheime dossiers fan preesters dy’t bern misbrûkt hawwe,” seit Wall. “Se binne nea oan de autoriteiten trochjûn.”

Wall seit dat er faak net ienris frij hie yn it wykein omdat er tefolle wurk hie as ‘fixer’. “Soms frege ik in oare preester om yn it wykein foar my yn te fallen. Letter kaam ik der dan efter dat dy preester sels in berneknoeier wie.” De tsjerke stjoerde Kanadeeske berneknoeiers neffens Wall faak nei de Feriene Steaten stjoerd en omkeard om harren út ‘e hannen fan ‘e plysje te hâlden.

Paus wenne yn ivoaren toer

Op de fraach fan in sjoernaliste oft er der ea oer prakkesearre hie om nei de plysje ta, seid er: “Nea. It belang fan de tsjerke gong foar alles.” Derút stappe wie foar him dreech, want nei in skoftsje fertsjinne er syn brea mei syn wurk as ‘fixer’. Hy wist boppedat dat, as er it wurk net mear dwaan woe, hy út it kleaster set wurde soe.

Op in stuit knage by Wall de wroechwjirm te bot. Hy joech syn tsjerklike karriêre deroan en wurket no as adviseur foar de slachtofferkes fan doe.

Wall is fan betinken dat paus Joseph Ratzinger (Benediktus) amper in idee hat fan it libben bûten de roomske tsjerke: “Hy libbe yn in ivoaren toer,” seit er. “Hy krige alle dossiers op syn buro, mar seach net yn dat der in grut probleem bestie.”

Klik hjir om it folsleine ynterview mei Patrick Wall te beharkjen.

Ek sjen:

  1. Mear roomsk misbrûk De Belgyske feriening Mensenrechten in de kerk hat yn de...
  2. Ratzinger seit sorry ROME – It sil guon lêzers grif ûntkommen wêze, mar...
  3. Tsjerke beskerme pedofilen BOGOTA – Neffens de Kolombiaanske kardinaal Dario Castrillon Hoyos hat...
  4. Paus kin yn Amearika ferfolge wurde WASHINGTON – Yn Amearika wurdt it mooglik om lieders fan...
  5. Paus yn Londen seit sorry LONDEN – Fan ‘e middei hawwe yn Londen tûzenen minsken...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic