Tsjerke beskerme pedofilen
snein 25 april 2010
BOGOTA – Neffens de Kolombiaanske kardinaal Dario Castrillon Hoyos hat de tsjerke pedofile preesters altyd yn beskerming nommen. Oanjefte dwaan tsjin in preester dy’t him oan bern fergrypt hie, soe krekt wêze as tsjûgje tsjin in famyljelid, sa sei de kardinaal.
De kardinaal sei ek dat Joseph Ratzinger, doe’t er noch kardinaal wie, in Frânske biskop love hie om’t dy in preester yn beskerming nommen hie. Dy preester wie feroardiele foar berneferkrêfting.
“Yn in rjochtssteat kin net ien twongen wurde om tsjin syn bern, heit of oare neisten te tsjûgjen, ” sei Castrillon yn in radioynterview. “Wêrom soenen se dat wol fan de tsjerke easkje? Dat is net rjochtfeardich. Ik ferdigenje net de rjochten fan in pedofyl, ik ferdigenje de weardichheid en de minskerjochten fan ien, ek als is er noch sa’n slimme misdiediger.”
“De tsjerke stipet de slachtoffers,” seit de kardinaal, “mar Jehannes Paulus de twadde, dy hillige paus, hie gelyk doe’t er syn preesters beskerme, sadat se net sûnder proses as misdiedigers behannele wurde soenen.”
De útspraak fan kardinaal Castrillon komme koart nei’t it Fatikaan op syn website rjochtlinen publisearre hat foar de omgong mei fertochten fan berneknoeierij. Neffens dy rjochtlinen moatte biskoppen preesters dy’t bern misbrûke by de plysje oanjaan. It Fatikaan hâldt út dat dat altyd al it belied wie, sels al stie it net op papier.
Ek sjen:
- Simonis hat berneknoeier beskerme ROTTERDAM – Kardinaal Ad Simonis hat in preester dy’t feroardiele...
- Paus gûlt om bernemisbrûk Paus Joseph Ratzinger hat fan ‘t wykein op Malta mei...
- Ratzinger hold pedo yn tsjinst Kardinaal Joseph Ratzinger, hjoed de dei paus, woe in pedofile...
- Waaksend protest tsjin Ratzinger It wurdt stadichoan dúdlik op hoe’n grutte skaal oft preesters...
- Iensume preesters BRUSSEL – Kardinaal Godfried Danneels skikt yn dat de roomske...








