Twaris deselde film
woansdei 28 april 2010AMSTERDAM – In remake fan in Nederlânsktalige film dy’t amper twa jier âld is. Yn it Nederlânsk. Regissearre troch de man dy’t ek regisseur fan it orizjineel wie. It heart allegear net like logysk, mar Erik van Looy wol de thriller Loft op ‘e nij meitsje, mei 1,2 miljoen besikers de suksesfolste Belgyske bioskoopfilm út de skiednis.
Juster waard buorkundich makke dat Kim van Kooten in rol kriget yn de film. Dat jildt ek foar Katja Herbers, Hadewych Minis, Lies Visschedijk, Carolien Spoor en Chico Kenzari. Earder makke de produsint al bekend dat Barry Atsma, Fedja van Huêt, Jeroen van Koningsbrugge en Gijs Naber yn de film meispylje.
Loft giet oer fiif manlju dy’t mei-inoar in appartemint hiere dêr’t se har skarreltsjes ûntfange kinne. Op in dei treffe se dêr it lyk fan in famke oan. Dat is it begjin fan in hiele rige ûntjouwingen.
Reden foar de remake is dat de Flaamske akteurs yn Nederlân net bekend binne en dêrtroch te min publyk nei de bioskoop ta lûke.
Ek sjen:









Tweets die vermelden Twaris deselde film | It Nijs -- Topsy.com
29 april 2010 21:05
[...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: Twaris deselde film: AMSTERDAM – In remake fan in Nederlânsktalige film dy’t amper twa jier âld is. Yn it Nederlân… http://bit.ly/bPUgLj [...]