Undercover-politika fynt gaos
moandei 19 april 2010
JOHANNESBURG – Sliepende sikesusters, dokters dy’t net op it wurk ferskine, fertutearze pasjinten, twa pasjinten op ien bêd en smoargens yn ‘e sikeseal. Dat is wat it Súd-Afrikaanske politika Dikeledi Mahlangu (sjoch foto) oantrof yn plattelânssikehuzen yn de provinsje Mpumalanga. Frou Mahlangu hat as deputearre de provinsjale sûnenssoarch yn ‘e portefúlje en woe wolris sjen hoe’t it lân yn de sikehuzen derhinne lei. Ferklaaid as pasjint gong se mei ien fan har amtners de provinsjale hospital bydel.
“Ek was geskok oor wat ek by die meeste hospitale gesien het,” sei de deputearre. “Pasiënte was verwaarloos, die diens swak, personeel het nie omgegee nie, die hospitale was vuil en toesig en bestuur het ontbreek.”
Yn ien sikehûs wienen mar twa ferpleechsters te finen. Dokters wienen der hielendal net oanwêzich. De tafersjochhâlder lei te sliepen. Yn in oar sikehûs waarden froulju op ‘e kreamkeamer twa oan twa op ‘e bêden lein. By wer in oar sikehûs wie de resepsje net bemanne. En yn wer in oar sikehûs duorre it trije dagen foar’t der in dokter by har kaam. Se kaam ek in dokter tsjin dy’t amper op it wurk kaam, mar ûnderwilens bykluste yn syn priveeklinyk in eintsje fierderop. Rûnom kamen de sikehuzen medisinen tekoart trochdat de leveransier oan it ferhúzjen is en in moanne lang net leverje kin. In brief oan de aptekers dat dy yntiids genôch ynkeapje moasten, kaam pas in dei foar de tydlike sluting oan.
Frou Mahlangu is rare kjel wurden fan de wantastannen en wol dat der hurd in oare mentaliteit yn de soarchsektor komt. “Die doel is nou regmaak eerder as straf,” seit se. “Maar ons kan nie sê daar sal geen strafmaatreëls in die nabye toekoms kom nie.”
Ek sjen:
- Skûtsjesilen in gaos Boargemaster Crone is ôfrûne sneon op de Pikmar by Grou fan...
- Frânsman fynt 100.000 euro In winkelman út it Frânske Saint-André-lez-Lille hat in aparte fynst...
- Gaos op klimaatkonferinsje Yn Kopenhagen is de gaos kompleet. Der bin folle mear...
- Klimaattop beteart yn gaos Op ‘e klimaattop yn Durban, dy’t neffens de planning juster...
- Bern fynt kokaïne yn boarterstún Arnhem – In jonkje fan acht út Arnhem die moandei...









FDV
21 april 2010 01:22
Dat soe Ab Klink ek dwaan moatte. Sa slim as dêr is it fansels noch net, mar ik wol wol leauwe dat er hjir ek behoarlik kjel wurde soe fan de misstannen. Ik haw al hiel wat dingen heard oer Nederlânske sikehuzen. As jim wisten hoe folle artsen alkoholist binne……