Auto sûnder brânstof

snein 23 maaie 2010

SJANGHAI – De Sineeske autofabrikant SAIC en it Amerikaanske General Motors hawwe tegearre in auto makke dy’t soerstof ôfskiedt en gjin brânstof nedich is. De foarriedige namme is YeZ (sjoch foto). De YeZ rydt op sinne- en wynenerzjy. Hy set fierders koaldiokside om yn soerstof. De auto bliuwt foarearst in eksperimint. It doel is om mei de ûntwikkele technyk oer in jier as tweintich auto’s op ‘e merk te bringen.YeZ

Ek sjen:

  1. EU en de stille auto
  2. Parys lit elektryske auto’s diele
  3. Auto bellet sels 112
  4. Auto rydt op fuotgongers yn
  5. Selsstjoerende auto feroarsaket ûngemak

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic