Bakkers

snein 30 maaie 2010

IMGP5992Dat bakkers te min buorkje, soe him oan de bakker lizze.
Mar de klanten binne ek oars as eartiids.
Der hat in tiid west dat ik lekker even gie te boadskipjen by de bakker, de grienteman en de slachter. As ik in lapke woe, gie ik nei Jan Lapke.
Oeral trof ik kunde, en as der gjin kunde wie, hie de grienteman, de slachter of de bakker wol tiid foar in praatsje.
Mar omdat klanten as ik der hast net mear binne, omdat safolle minsken it har net mear oan tiid dogge, giet der in soad ferlern dêr’t ik o sa fan hâlde.
It is de tiid, dy feroaret, en ik moat mei feroarje.
Mar it slagget my net.
Dat ik hâld jim even oan de praat, hjir.

Klaske Hiemstra

Ek sjen:

  1. Bakkers buorkje min WEINUM – Der wurdt yn Nederlân hieltyd mear bakkersguod ferkocht,...
  2. Marcus Bakker stoarn Amsterdam – Foarhinne CPN-topman Marcus Bakker (86) is tongersdei stoarn. Dat...
  3. Driich-sms foar Sinteklaas LJOUWERT – Martin Bakker wie dit jier gjin Sinteklaas, al...
  4. Gedicht de waarme bakker “Wiis mei ús waarme bakker” As jûns let reek fan...
  5. Bakker wint grutte literatuerpriis DUBLIN – De Nederlânske skriuwer Gerbrand Bakker hat ien fan...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic