België moat steatebûn wurde
tiisdei 25 maaie 2010
BRUSSEL – De Flaamske liberale partij Open Vld hat skjin syn nocht fan it politike gehakketak yn it Belzelân. Partijfoarsitter Alexander de Croo sei hjoed yn De Morgen dat syn partij net yn it nije regear stapt salang’t België syn notiidske politike yndieling hâldt. Flaanderen, Walloanië en Brussel moatte folle losser faninoar komme te stean as dat no it gefal is, sa is De Croo fan betinken. Hy pleitet derfoar om fan België in steatebûn te meitsjen.
Saken lykas plysje, definsje en sosjale wissichheid kinne om him ûnder de flage fan it bûn bliuwe, mar België is op it stuit wjuklam trochdat de steat gjin ekonomysk belied fiere kin. De lânsdielen kinne dat neffens de Flaamske liberalen better sels dwaan yn de foarm fan ûnôfhinklike steaten.
Ek sjen:
- Frânsktaligen tsjin steatebûn België BRUSSEL – “In steatebûn? Dêr traapje wy net yn!” Dat...
- N-VA wol steatebûn ôftwinge GENT – Nei de liberale Flaamske partij Open Vld fan...
- Juridysk probleem België BRUSSEL – De Belgyske premier Yves Leterme wol dat der...
- Flaanderen stimt tsjin België BRUSSEL – De Nieuw-Vlaamse Alliantie (N-VA) fan Bart de Wever...
- Nije nûmerplaat yn België BRUSSEL – It Belgyske kenteken, in lyts en min lêsber...









Tweets die vermelden België moat steatebûn wurde | It Nijs -- Topsy.com
25 maaie 2010 09:10
[...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Sofie Staelraeve, Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: België moat steatebûn wurde: BRUSSEL – De Flaamske liberale partij Open Vld hat skjin syn nocht fan it politike ge… http://bit.ly/8ZqpUR [...]
C.J.W. Vaessen M.A.
8 july 2011 19:35
Wennear komt de dei wêr’t ik min paspoort ris by de tsjinsten fen de “préfecture du Département de l’Ourthe” yn Luik ôfhelje kin?
Ek in oplossing!